De Fryske Sinteklaas hie eartiids gjin feint, mar frou en bern

novimber 18, 2017 16:20

Foto: Wikipedia/Gaby Kooiman

Goed hûndert jier lyn hie Sinteklaas noch in frou. It Sinteklaasfeest wykte doe frijwat ôf fan it hjoeddeiske feest en it waard ek net oeral fierd.

Dat falt nei te lêzen yn Uit Frieslands’s volksleven, skreaun troch de Fryske skriuwer en boekhanneler Waling Dykstra (1821-1914). Hy beskriuwt yn detail hoe’t it libben fan gewoane Friezen der om 1900 hinne útseach.

Lykas no waard yn Dykstra syn tiid Sinteklaas net fierd yn Grou. Dêr fiere se ommers Sint Piter. Yn Warns, Molkwar en Hylpen kaam yn dy tiid Sinteklaas krekt op. It tradisjonele bernefeest wie dêr Skimmeldei. Dat waard fierd op 31 desimber, Aldjiersjûn. In geheimsinnige skimmel brocht doe kadootsjes foar de bern. Dat Sinteklaas dêr ek opkaam, lei neffens Dykstra mooglik oan “het ongeduld der kinderen, als zij vernamen, dat kinderen in hunne omgeving nagenoeg vier weken vroeger dan zij werden bedeeld.”

Fiif dagen Sinteklaas
It Sinteklaasfeest duorre yn Waling-om syn tiid fiif dagen. Op de jûn fan 4 desimber kaam er foar it earst. It wie faak in buorman of in húsgenoat. Hy hie noch net it uterlik fan in âlde biskop, mar seach derút as in grizel dy’t in soad leven makke, mei in wyt himd oan, in masker foar en in gekke mûtse op. Dykstra skriuwt: “Hij mag daarbij nooit vergeten aan een zijner voeten een ijzeren ketting na zich te sleepen en daarmede veel geraas te maken. Met een grove onnatuurlijke stem vraagt hij of er ook stoute kinderen in huis zijn en werpt handen vol pepernoten door het vertrek.” Neffens Dykstra binne lytse bern faak bang fan Sinteklaas en ferstopje se harren efter de mem. De Sint warskôget de bern dan dat se braaf wêze moatte, omdat er oars weromkomt.

Yn guon doarpen kaam net ien sa’n Sinteklaas, mar in groepke. Yn guon plakken kaam sels in hiele stoet, mei in duvel derby. Se gongen by de doarren lâns en krigen oeral in foantsje.

Opsette
In dei letter, op 5 desimber, mochten de bern in bakje of in kuorke ûnder de kast sette. Dykstra skriuwt: “Een schoen of klomp wordt daarvoor, zoover ik weet, in Friesland niet veel gebezigd.” De bern songen dan yn guon plakken in Sinteklaasferske by de skoarstien. Op ’e moarn fan 6 desimber wie it bakje of kuorke fuort. Sinteklaas hie it earne yn ’e hûs ferstoppe en de bern moasten it sykje. As bern eins al te âld wiene, mar dochs noch “opset hiene”, sa’t dat neamd waard, dan fûnen se foar straf in pûdsje sâlt of wat prikjes. Dat wie it teken dat it no echt dien wie.

waling_dykstraDe âldere jeugd sinteklaze soms ek mei-inoar. Dan waarden der fia it bakje of kuorke gekkichheden útwiksele. Soms fûn in jongfaam of jongkearel moarns ek in taaipop yn ’e sok, fan in ûnbekende Sinteklaas.

De frou fan Sinteklaas
Nei de moarn fan 6 desimber wie it noch net dien, want as Sinteklaas syn plicht ferfolle hie, begûn it wurk foar Sintele Sij, de frou fan Sinteklaas. Mei de mienskiplike bern Sintele Soan en Sintele Suster slûpte se op ’e jûn fan 6, 7 en 8 desimber troch de doarpen en stêden om te kontrolearjen oft bern dy’t kadootsjes krige hiene, noch hieltiten braaf wiene.

Wa’t der mear oer witte wol, kin it neilêze yn diel 1 fan Uit Friesland’s volksleven op side 333-338. In digitale ferzje fan it boek is hjir te finen: link.

Dit artikel is earder op It Nijs pleatst op 18 novimber 2016.

 

novimber 18, 2017 16:20
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*