Britske topskrabbeler diskwalifisearre

novimber 14, 2017 12:17 Fernijd

Foto: pixabay.com

Yn Grut-Brittannië is in foaroansteand spiler fan it buordspultsje Scrabble diskwalifisearre om’t er falsk spile hat. De 60-jierrige Allan Simmons is betrape op it weromlizzen fan syn letters yn it pûdsje, wylst er al pakt hie. En dat is tsjin de regels. It Britske Scrabblebûn hat, nei wiidweidich ûndersyk, besletten dat er trije jier net mear oan wedstriden meidwaan mei. Simmons is in bekende yn it Britske Scrabble-wrâldsje. Hy waard in kear Britsk kampioen, publisearre boeken oer it selsskipsspul en wie ien fan de oprjochters fan it Britske Scrabblebûn.

Sels is Simmons him fan gjin kwea bewust. Hy ûntkent dat er falsk spile hat en seit dat er krekt as oare spilers tige minne letters krigen hie. Hy wie him net sa bewust fan de regels. “De wedstriden kinne op it heechste nivo behoarlik yntinsyf wêze en der giet jin in protte troch de holle. Lit stean dat je minusjeus dwaande binne om derom te tinken dat je de regels fan it pakken fan letters krekt opfolgje”, seit er tsjin de Britske krante The Times.

In lid fan it Scrabblebûn seit yn ’e krante dat er it spitich fynt dat Simmons diskwalifisearre is, mar seit mei klam dat “der net ien grutter is as it spultsje”. Simmons seit dat er fan doel is om him no te rjochtsjen op wichtiger saken yn it libben.

novimber 14, 2017 12:17 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*