Adriaan van Dis en Kamagurka op Wintertuinfestival

novimber 17, 2017 11:40 Fernijd

Foto: Studio Schulte Schultz

It Wintertuinfestival, dat fan 22 oant en mei 26 novimber holden wurdt yn Nimwegen, hat dit jier as titel: De vrije lezer. Hoe frij is de lêzer eins yn dizze tiid fan algoritmes, big data en machtige ynternetbedriuwen? Dat fraachstik stiet sintraal op de grutte Festivaljûn op 25 novimber yn poppoadium Doornroosje. Under oare Adriaan van Dis, Kamagurka en Franca Treur binne te gast.

Op 25 novimber is der literêr spektakel yn alle sealen, gongen, efter it poadium en it kafee fan Doornroosje. Der binne fraachpetearen, foardrachten, optredens, wurksjops, ferrassings en in goed feestje. Nina Polak, dy’t as writer in residence oan it Wintertuinfestival ferbûn is, iepenet de jûn. Adriaan van Dis komt as lêzer oan it wurd. France Treur en Erik Jan Harmens sille yn petear oer it belang fan it fertellen en lêzen fan ferhalen. Kamagurka earet de frije lêzer. Anousha Nzume jout in ynsjoch yn har boekekast. Jet Steinz en Toef Jaeger sprekker oer de bedrigings en mooglikheden foar de frije lêzer.

De live on stage rockdokumintêre Fata Nirvana beskriuwt de koarte karriêre fan in fiktive punkband. Alma Mathijsen, Daniel Rovers, Murat Isik en Vicky Francken skowe oan by de praatsjo. De Pé Hawinkels Priis foar in literêre pionier wurdt útrikt. Tachtichplussers foarsjogge it publyk fan libbensadvys by Q&A with the Grey. Corinne Heyrman jout in foarstelling yn de Loading Duck. Sytske van Koeveringe sprekt oer har residinsje yn in fersoargingshûs. Dûnskollektyf Arnhemse Meisjes dûkt oeral en nearne op. Sjongeres en teatermakker Eva van Pelt fersoarget in yntym optreden yn de klaaikeamer. Talleaze jonge skriuwers drage foar en it publyk kin oanskowe by ferskate wurksjops. En der is noch folle mear om de frije lêzer te fieren.

Wintertuinfestivaljûn
Sneon 25 novimber 2017
Doornroosje, Stationsplein 11
20.00 oere (doaren iepen:19.15 oere)
€ 17,50 / €12,50 (CJP, studint)

www.wintertuinfestival.nl/zaterdag

novimber 17, 2017 11:40 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*