AC/DC-oprochter en gitarist Malcolm Young (64) ferstoarn

novimber 18, 2017 15:46

Foto: pixabay.com

Gitarist Malcolm Young fan de Australyske hardrockband AC/DC is yn it bywêzen fan syn famylje ferstoarn. Hy lijde oan Alzheimer. Syn broer Angus, mei-oprjochter fan de band en bekend fan it huppeljen mei syn gitaar op it poadium, hat it nijs op ynternet befêstige.

“Hy wie in perfeksjonist en in unike man”, skriuwt syn broer. “Mei syn enoarme tawijing wie er de driuwende krêft efter de band. As broer is it dreech yn wurden út te drukken wat er yn myn libben betsjut hat. De bân dy’t wy hiene wie unyk en tige spesjaal.”

Young is 64 jier wurden. Ein ferline moanne ferstoar ek de âldere broer fan Malcolm en Angus, George. Hy waard santich jier.

novimber 18, 2017 15:46
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*