Wilhelmus en Ryksmuseum as kearndoelen?

oktober 10, 2017 04:00

Kollum fan Jabik van der Bij

foto © NOS

Hy hat it foarinoar. It komt no yn it regearakkoart neffens de kranten. Alle bern moatte op skoalle it Wilhelmus leare en minstens ien kear yn har skoallelibben nei it Ryksmuseum. Hy, Sybren Buma fan it CDA, hat der al jierren op om praat en no liket er syn sin te krijen. Wêr’t in minske him al net drok om meitsje kin. Wêr lizze by it CDA hjoed-de-dei de prioriteiten? Noed foar minsken – oft it no de swakken yn de eigen mienskip binne of lju dy’t hûs en hiem efterlitten ha fanwegen oarloch en geweld – moat men by Buma net foar wêze, alteast ik hear him der amper oer. Leafst safier mooglik dy lju bûten de doar hâlde. De C is by it CDA al lang lyn ferblikt. Lykas Wim Kok in skoft lyn de ideologyske fearren fan de PvdA fan him ôfskodde hat, binne se by it CDA fergetten wêr’t se weikomme. It liket as hat de ChristenUnie harren taak oernommen.

Ien ding is Buma noch net fergetten. ‘God (wat dat dan ek mar is), Nederlân en Oranje’ liket wer oppoetst te wurden. No tocht ik altyd dat se op skoallen it Wilhelmus dochs wol learden. Yn Fryslân fergeaten de measte masters en juffen dat der ek noch in Frysk folksliet wie. Eins fyn ik dat ek net sa slim. Ik haw yn myn hert in ferrekte hekel oan dat folkslietegedoch. Alle kearen as ik op besite wie by in befreone college yn Amearika en moarns dy ferskriklike seremoanje mei flagge en folksliet meimeitsje moast, waard ik wat mislik. Strak yn it gelid en de hân op it boarst. Dan skeatten my bylden fan de Dútske jongerein tusken 1935 en 1945 troch de holle. De kultuerfilosoof  Feitse Boerwinkel (1906-1987) soe yn dat ferbân sizze kinnen hawwe: “In teken om frjemden en nijkommers derbûten hâlde te wollen.” Flaggefertoan en folkslieten hawwe ek wat militêrs. Soldaten steane ek yn it gelid, swaaie mei flaggen en brûke tromgeroffel. Ik haw sa’n donkerblauw fermoeden dat ús Buma dy kant ek wol graach op wol.

Dy demonstrative hâlding is it fernislaachje op de ynhâld fan it folksliet. Der is de lêste tiid al hiel wat skreaun oer it Wilhelmus. Dat folksliet slacht as in tange op in baarch. It giet net oer it folk mar oer immen fan Oranje. Boppedat is it datearre: wat moatte wy no noch mei dy Spaanske kening fan hûnderten jier lyn? Eins is it in egodokumint dat as histoarysk stik de muoite wurdich is om te lêzen, mar as liet fan it folk fan boppen ôf oplein. Ik haw der neat mei, krektlikemin as mei it Frysk folksliet: in ferskiklike tekst en in ferskriklike meldy. Dan sprekt my It heitelân gâns mear oan.

Mar hawar, Buma tinkt dat wetlik fêstlein wurde moat dat skoallen de bern it Wilhelmus leare moatte en in kearmei harren nei it Ryskmuseum west hawwe. Ik soe sizze, lit bern yn Fryslân dan earst mar nei it Saailân gean om te sjen wat der yn it Frysk Museum te finen is. Wy hawwe it yn it ferline dwaan moatten mei de Hollânske skiednis. Ik bin bang dat it hjoed-de-dei net folle oars is. Krekt letter haw ik ûntdutsen hoefolle skiednis ús eigen provinsje hat. Tresoar sit der fol mei. Vaderlandse geschiedenis gie net oer it heitelân. En it Ryksmuseum dan? Fansels moatte se dêrhinne, mar miskien docht it mear fertuten as se wat âlder binne.

Eins tink ik dat der in dûbele boaiem sit ûnder Buma syn krewearjen foar it Wilhelmus en it Ryksmuseum: se moatte bydrage oan it Nederlânske nasjonalisme. Benammen flechtlingen sille har skikke moatte yn de ‘vaderlandsliefde’, mar dat kin net, want Nederlân is ommers harren heitelân net. Dat elkenien dy’t yn dit lân wenje en him thús fiele wol, dat lân ek kennen leare moat, sprekt fansels, mar leafde lit him net twinge. Tagelyk mei elk ek wol witte dat de skiednis net allinne mar ‘eare en gloarje’ is, mar dat der ek hiel wat swarte kanten oan sitte.

Wat it folksliet oangiet soene wy it Frysk bloed tsjoch op mei syn grutskens mar better ferfange kinne troch It Heitelân, om dêrmei út te sjongen dat wy wiis binne mei ús âldfaars erf en dêroer weitsje wolle.

oktober 10, 2017 04:00
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Machteld May Dykstra-Visser oktober 11, 23:53

    Yn 1966 Gie us heit [M.S.E. Visser] foar it earst yn in fleanmesine nei Canada. Wy wenje yn Edmonton Alberta en se kamen seis wike op besite. Doe’t heit werom gie sei der tsjin mem op Skiphol, ‘ Nou soe ik it Wilhelmus wol sjonge wolle’. Dat seit hiel hwat foar in stanfries as us heit .Wy moasten wol laeitsje!

  2. X. oktober 12, 01:02

    Tankewol foar it moaie ferhaal, frou Dykstra. Ik sjoch it hielendal foar my.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*