Wêrom’t Kulturele Haadstêd 2018 de Friezen neat opsmyt

oktober 14, 2017 11:10

Kollum fan Ger Dyk

Foto © Omrop Fryslân

Mei in protte bombaarje waard foarige wike yn Ljouwert it programma fan Kulturele Haadstêd 2018 iepenbier makke. Op trije poadia joegen ambassadeurs in koart mar krêftich idee oer de dielprojekten dy’t mei-inoar it hiele programma foarmje. Pommeranten, it Pasveerkorps, akteurs, artysten lykas Nynke Laverman en bekende Friezen makken it plaatsje kompleet om it allegear buorkundich te meitsjen.

In protte Friezen sille belutsen wêze by de organisaasje en útfiering fan alle programma’s, as frijwilliger of as betelle krêft fia ien fan de teäter-, toaniel- of museumorganisaasjes yn Fryslân dy’t meidogge oan #LF2018. Mar dat der ek Hollânske profesjonele krêften nedich bliuwe, bliek wol út de organisaasje fan de iepeningsjûn: fjouwer wike dêrfoar moast direkteur Tjeerd van Bekkum noch it Amsterdamsk produksjeburo Xsaga ynskeakelje. Hy fûn it plande programma fierstente meager.

Kulturele Haadstêd waard mei ynhelle troch it ferkeapjen fan it toverwurd ‘Mienskip’ oan de seleksjekommisje. Letter wie der krityk dat dêr fierder neat mei dien waard. Wurdt it organisearre mei it each op de Hollânske kulturele elite en net de Fryske mienskip? Ut de jierkrante blykt gelokkich dat der it hiele jier troch yn hiel Fryslân projekten genôch binne, sels dêrbûten, mar fansels mei de measte projekten yn Ljouwert.

De mienskip yn Fryslân hat fansels ek ekonomysk foardiel fan al dy besikers dy’t ferwachte wurde. Net allinich Friezen mar foaral de oare Nederlanners en bûtenlanners. Dy sille hjir dochs in tiidsje trochbringe, in protte plakken besykje en jild útjaan.

Mienskip is in wichtich ûnderdiel fan de Fryske identiteit. Men kin sizze: mienskip is dat dêr’t wy ûnderdiel fan útmeitsje wolle, dy’t wy hechter meitsje wolle en wêrfan’t wy fine dat dy net ûndermine wurde mei.

De (foarriedige) resultaten fan de Taalsurvey 2017 geane foar in part yn op de relaasje tusken de Friezen en identiteit. It docht bliken dat op de fraach ‘as jo oan Fryslân tinke, wêr tinke jo dan oan?’ nimmen de opsje ‘de Fryske kultuer’ oankrúst. It lânskip, de famylje, de Fryske taal en de Fryske sporten binne wat dat oangiet de wichtichste saken.

Mei oare wurden: #LF2018 sil gjin positive effekten hawwe op ús mienskipsgefoel. Us idee oer Fryske identiteit sil net feroarje. It sil neat tafoegje oan de eigenwearde fan de Friezen.

Dan mar neat dwaan mei it programma fan Kulturele Haadstêd? Nee, fansels dat net. Ik soe sizze: Doch foaral mei, lit it oer jim hinnekomme en genietsje dêrfan. Miskien dat wy dan nei 2018, op de fraach ‘as jo oan Fryslân tinke, wêr tinke jo dan oan?’ allegear mei-inoar roppe: De Fryske kultuer!

oktober 14, 2017 11:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.