Waarpraatsje: rêstich novimberwaar

oktober 31, 2017 19:25

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – De kommende dagen is it rêstich hjerstwaar. De loft is meastentiids berûn. Der is in lytse kâns op sa út en troch in glimke sinne. It bliuwt sa goed as drûch en mei in graad as tolve is it myld foar de tiid fan it jier. Yn it wykein sil it op beide dagen in skoft reine. Dêrnei wurdt it wat kâlder.

Oktober wie ien fan de waarmste wynmoannen sûnt 1901. It ferskil mei septimber wie mar 0,3 graad. Yn De Bilt wie it krekt sa wiet as gewoanwei en de sinne skynde 110 oeren, njonken 113 gewoanwei.

Jan Brinksma

 

oktober 31, 2017 19:25
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.