Waarpraatsje: it waar knapt op

oktober 11, 2017 19:12

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Fan freed ôf sil it waar opknappe. We krije sels in tal dagen neisimmer. Oant freed moatte wy noch efkes troch de soere apel bite. De loft sil dan noch meastentiids berûn wêze mei kâns op in bui. It wurdt net folle waarmer as 16 graden.

Freed sille we de sinne ek net faak sjen, mar it wurdt wol 17 of 18 graden. Fan sneon ôf skynt de sinne faker, is der net folle wyn en leit de temperatuer om de 20 graden hinne. It bliuwt ek in skoft drûch.

Jan Brinksma

oktober 11, 2017 19:12
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*