Waarpraatsje: gauris berûne loft

oktober 29, 2017 20:00

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in rûzich wykein hat de wyn him wer wat deljûn. De kommende dagen bliuwt it wol ritich waar mei sa út en troch wat rein. Op moandei sille we de sinne ek wol efkes sjen. Op de oare dagen is dy kâns in stik lytser. De loft is dan meastentiids berûn. De wyn komt út it noard- of súdwesten en middeis leit de temperatuer om de tolve graden hinne.

De stoarm fan it ôfrûne wykein wie al de tredde yn koarte tiid. Rûnom yn Fryslân soarge de wyn foar wat oerlêst, mar grutte problemen wiene der net. yn Grinslân stie it wetter by de kust lâns heech, mar dêr rûn it ek net út de hân.

Jan Brinksma

 

oktober 29, 2017 20:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.