Twadde filmke fan OV-flogger online

oktober 11, 2017 22:15

De 17-jierrige Darshan Boerema út It Hearrenfean flogt oer it iepenbier ferfier foar de Provinsje Fryslân. Deputearre Kramer makke dat op 14 septimber op it ROC Friese Poort yn Drachten bekend. De earste flog waard dêrnei online set. Dêr is yn te sjen hoe’t Darshan út syn wenplak wei mei de bus nei Drachten reizget. Kramer: “Mei dizze flogs wolle wy sjoggers graach meinimme yn de wrâld fan it Fryske  iepenbier ferfier. Dat wurket goed en skoart faak heech yn klantebarometers. Dat meie wy bêst wat mear sjen litte. Miskien ynspirearret it minsken om ek wat faker de bus of trein te pakken yn stee fan de auto.”

Darshan
De earste flog waard op de skoalle yn Drachten, dêr’t Darshan krekt mei syn oplieding mediaredaksjemeiwurker útein set is, sjen litten. Darshan: “Ik maak al een tijdje video’s op mijn eigen YouTube-kanaal en zag dit als een kans om mijn kwaliteiten uit te breiden. Het openbaar vervoer is vrij nieuw voor mij, dat vind ik extra leuk. Je moet het OV-systeem even leren kennen, maar dan is het ook duidelijk en goed.”

Entûsjasme
Yn maaie begûn de Provinsje op de sosjale media mei syn syktocht nei in flogger. Ut de oanmeldingen waard Darshan fanwegen syn entûsjasme en ûnderfining mei it floggen ienriedich keazen. Hy sil yn de kommende wiken fjouwer flogs meitsje, dy’t op de webside fan de Provinsje, Facebook en YouTube te sjen wêze sille.

Links www.facebook.com/provinciefryslan en www.youtube.com/provfryslan.

 

oktober 11, 2017 22:15
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*