Twa Noard-Italiaanske regio’s wolle autonomy

oktober 23, 2017 22:14

De regio’s Lombardije en Vèneto wolle mear autonomy. De ynwenners fan dy streken hawwe harren dêr snein mei in mearderheid fan likernôch njoggentich persint yn in referindum foar útsprutsen. Hja wolle dat de regio’s sels baas wurde oer ûnderwiis, miljeu, ymmigraasje en feiligens.

It regear yn Rome is net ferplichte en jou de regio’s wat hja wolle, mar de ferwachting is dat dy foar in grut part wol krije wat se wolle. Beide regio’s binne ekonomysk tige wichtich foar Italië en Rome wol foarkomme dat der út ûntefredenens in ôfskiedingsbeweging groeit.

De twa regio’s binne net de iennichsten yn Italië dy’t in protte oer harsels te kedizen hawwe. De eilannen Sisilië en Sardinië hawwe in autonome status, krekt as de Aostafallei, Trentino/Súd-Tirol en Friûlië/Feneesje.

In regio is yn Italië in grutte bestjoersienheid, dy’t bestiet út provinsjes. De fyftjin net-autonome regio’s hawwe in beheinde eigen ferantwurdlikheid, wylst de autonome regio’s polityk en finansjeel foar in grut part selsstannich binne. It navenant rike noarden fan Italië stribbet al tsientallen jierren nei mear eigen sizzenskip, mei de ynfloedrike partij Lega Nord as wichtichste politike útdrager fan dy winsk.

oktober 23, 2017 22:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.