Tsjerkje op de Kliuw

oktober 17, 2017 15:42

Muzykteater Elk Sines: rige foarstellingen yn 2018 oer Tsjerkje op De Kliuw ferlinge

Yn in hiel koart skoft nei’t bekend makke wie dat nochris tsien ekstra foarstellingen yn 2018 komme, binne de kaarten hiel gau útferkocht. Elk Sines, de muzykteater foarstelling oer Tsjerkje op De Kliuw is poerbêst ûntfongen troch parse en publyk en komt op fersyk fan in soad minsken werom yn it teater op lokaasje. Yn maaie en juny 2018 sil de komplete ploech mei Klaasje Postma yn de haadrol, de besiker op ’en nij meinimme nei it ferneamde kafé fan Tsjerkje op De Kliuw mei nochris fjouwer ekstra foarstellingen op 6, 7, 8 en 9 juny 2018.

Muzykteater
De muzykteaterproduksje is skreaun troch Folkert Sijbrandij. De lietteksten binne fan Eppie Dam en de muzyk fan Sytse Broersma. Konsept en regy: Ypy Zysling.

It ferhaal fan Elk Sines
Elk Sines is mear as in foarstelling oer feestjende en sûpende kafégongers. It is in foarstelling oer twa froulju dy’t inoar wol fergrieme kinne, mar troch harren ferline ta- inoar feroardiele binne. Troch de kar fan Tsjerkje om op De Kliuw te bliuwen, is sy it mulpunt fan de famylje Huitema. Mei har eigensinnige brourren Lammert en Fonger, dy’t ek beslute om op De Kliuw te bliuwen, ûntwikkele se in haat-leafdeferhâlding.

De famylje Huitema is krekt as de besikers fan kafé De Kliuw in bûnte samling paradysfûgels en yn Elk Sines komme al dy personaazjes lâns yn in mingeling fan revue, musical, dûns en toaniel.

Kaartferkeap úteinset
Mear ynformaasje oer muzykteater Elk Sines en de kaartferkeap is te finen op www.theaterdeklieuw.nl of mail nei info@theaterdeklieuw.nl.

oktober 17, 2017 15:42
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*