Tongersdei 19 oktober lanlike ‘Aan de Bakdag’

oktober 9, 2017 13:43 Fernijd

Foto: SOS Kinderdorpen / 2 in beweging

Op tongersdei 19 oktober 2017 sille sa’n 12.000 bern fan seishûndert Bûtenskoalske Opfanglokaasjes (BSO’s) yn hiel Nederlân cupcakes bakke, fersiere en ferkeapje foar it goede doel. Mei de ferkeapopbringst, dy’t troch Dr. Oetker ferdûbele wurdt, stypje sy it skoalprojekt fan SOS Kinderdorpen yn Guinee-Bissau, Afrika. Yn Fryslân sille santjin BSO’s oan ’e bak foar SOS Kinderdorpen.

Fergees bakpakket foar BSO’s
Om de dielnimmende BSO’s op wei te helpen, biedt Dr. Oetker in bakpakket oan mei cupcake- basismiksen, dekoraasjes, bakskelken en promoasjemateriaal. Op www.aandebakdag.nl kinne bern ynspiraasje opdwaan foar stoere, gekke en kleurrike cupcakes. Fanwege de enoarme belangstelling yn 2016 hat Dr. Oetker dit jier hûndert ekstra bakpakketten beskikber steld. Dêrtroch kinne yn totaal seishûndert BSO’s meidwaan.

Eltse BSO jout in eigen ynfolling oan de twadde lanlike edysje fan Aan de Bakdag. “Guon BSO’s rjochtsje in prachtige ferkeapkream yn op har lokaasje, oare ferkeapje harren selsbakte cupcakes oan ’e doar”, fertelt Margot Ende, direkteur SOS Kinderdorpen. “Yn alle gefallen is de ynset en it entûsjasme om bliid fan te wurden.”

Famylje oan de basis fan gearwurking
Dr. Oetker en SOS Bernedoarpen wurkje gear út de oertsjûging: famylje is it moaiste resept. Margot Ende: “SOS Bernedoarpen set him yn foar bern sûnder âlden of feilich thús. Wy leauwe dat in leafdefolle famylje basis is foar de ûntjouwing fan elts bern. De gearwurking mei famyljebedriuw Dr. Oetker slút moai oan by ús fyzje. Mei Oan ’e Bakdei set Dr. Oetker him no ek yn foar oare opliedingsprogramma’s. Njonken famyljesoarch is dat fan essinsjeel belang. Want goed ûnderwiis iepenet ommers de doar nei de takomst.”

Sjoch foar mear ynformaasje op www.soskinderdorpen.nl.

oktober 9, 2017 13:43 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*