Taartrovers Film Festival fan jannewaris o/m april yn bioskopen

oktober 28, 2017 14:36 Fernijd

Ofbylding: Triple P Entertainment

Op tiisdei 2 jannewaris 2018 trapet it Taartrovers Film Festival – earder it Fantastisch Kinderfilm Festival – syn lanlike toernee ôf yn it Verkadefabryk yn Den Bosch. It festival fol fantasyrike films en kreatyf spul foar bern fan twa oant njoggen jier toert oant begjin april by tsien stêden yn Nederlân del. Op eltse lokaasje wurdt it Taartrovers Film Festival, dat dizze earste edysje yn it teken stiet fan it berneboek, feestlik iepene mei in berneboekebal.

It festivalprogramma bestiet út fantasyfolle bernefilms yn kombinaasje mei de Boarterstún fan de Ferbylding – in boartlik foarmjûn dekôr mei ynteraktive ynstallaasjes dy’t alle sintugen prikelje. It dekôr nûget bern út om te boartsjen en te fantasearjen, op ûndersyk út te gean, fan alles te ûntdekken en sels te meitsjen. Spul en film fersterkje inoar, wêrtroch’t in besite oan it festival djippe yndruk makket. Ien fan de inisjatyfnimmers fan Taartrovers Film Fesival, Tessa van Grafhorst, ferklearret: “Bern kinne folle mear as wy tinke, as se mar wat dogge dat by harren past en dêr’t harren ynteresse nei útgiet.” Mei in tagongskaartsje kinne alle bern sawol nei de film as nei de Boarterstún fan de Ferbylding.

Fokus op it berneboek
Dit jier bringt it festival mei it tema Lettersoep & Prentenkoek in oade oan it berneboek. Oan de ferhalen en fantastyske yllustraasjes, mar ek oan de foarm en de rook fan it boek, oan it papier, de stof, de lym en de inket. Der binne wiere filmstudiokes mei in lânskip fan pop-up-boeken  om animaasjes te meitsjen, in speurtocht foar de noas om roken út ferneamde berneboeken op te snuven en it húske fan Lotta út de Kabaalstraat om yn te boartsjen, sadat bern letterlik yn har ferhaal krûpe kinne. Der is ek in printerij dêr’t bern mei ferskate printtechniken sels in fantastysk boek meitsje kinne.

Programma Taartrovers Film Festival 2018:

  • Den Bosch, Verkadefabryk, 2 o/m 7 jannewaris
  • Utert, TivoliVredenburg, 13 & 14 jannewaris
  • De Haach, Filmhûs De Haach, 3 & 4 febrewaris
  • Bussum, Filmhûs Bussum, 10 & 11 febrewaris
  • Breda, Chassé Theater, 15 t/m 18 febrewaris
  • Amsterdam, EYE, 26 febrewaris t/m 4 maart
  • Dimter, Filmhûs De Keizer, 10 & 11 maart
  • Maastricht, Lumière Cinema, 17 & 18 maart
  • Eindhoven, Natlab troch Plaza Futura, 24 & 25 maart
  • Grins, Groninger Forum, 30 maart t/m 2 april

Taartrovers Film Festival is (mei) mogelijk makke troch it AFK (Amsterdams Fonds voor de Kunst) en Fonds21. Op www.taartrovers.nl is mear ynformaasje te finen.

oktober 28, 2017 14:36 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.