Spaansk parlemint stimt sneon oer machtsoername Kataloanië

oktober 19, 2017 11:22

Carles Puigdemont

De Katalaanske presidint Carles Puigdemont hat de ûnôfhinklikheidsferklearring fan Kataloanië net ynlutsen, sa’t it Spaanske regear easke hie. Yn in brief oan de Spaanske premier Mariano Rajoy skreau Puigdemont dat it Katalaanske folk yn it referindum fan 1 oktober dúdlik makke hat dat it ûnôfhinklikens wol.

De Spaanske sintrale oerheid sil no gebrûk meitsje fan it beruchte kêst 155 út de Spaanske grûnwet. Dat makket it mooglik dat in dielsteat syn selsbestjoer kwytrekket. It regear en it parlemint wurde ôfset en de macht wurdt oernommen troch it sintrale regear yn Madrid. Sneon beslute de senaat en it regear definityf ta de machtsoername.

Puigdemont skreau dat er gebrûk meitsje sil fan syn mandaat om de ûnôfhinklikheidsferklearring fan it Katalaanske parlemint fan krêft wurde te litten, no’t Madrid net fierder prate wol.

oktober 19, 2017 11:22
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*