Skuorkalinder ‘Fryslân en de wrâld’

oktober 11, 2017 11:06

Tongersdei 12 oktober sil op it Provinsjehûs it earste eksimplaar fan de skuorkalinder Fryslân en de wrâld oanbean wurde oan deputearre Sietske Poepjes. 

Gerbrich van der Meer, sjoernalist by it Friesch Dagblad, kaam op it idee om in skuorkalinder te meitsjen om dêr alle dagen in nijsgjirrich feit mei ûnder it omtinken fan de brûkers te bringen. “Wy komme yn it deistich libben safolle dingen tsjin dêr’t wy net fan witte wêrom’t se binne sa’t se binne en watfoar in ferhaal dêrefter skûlet”, hie Van der Meer ûnderfûn.

Yn 2018 barre der yn it ramt fan de kulturele haadstêd safolle dingen dat it in hiele toer wurde sil om dêr it each op te hâlden en se kinne foarby wêze ear’t men der erch yn hat. Dan is in kalinder mei foar elke dei in nij bledsje mei ynformaasje in útkomst.

Van de Meer krige al gau de meiwurking fan Tresoar en it buro fan de kulturele haadstêd. Sa koe yn koarte tiid in prachtige ynformative kalinder ûnstean.

Mei it each op de kloften net-Friezen dy’t LF2018 hjirhinne lûkt is de ynformaasje yn twa talen opnommen. It nijs oer de projekten en eveneminten fan de kulturele haadstêd stiet yn it Hollânsk en de nijsgjirrige saken yn Fryslân binne yn it Frysk beskreaun. Dy ferhaaltsjes beslane in tiidrek fan 3400 foar Kristus oant hjoed-de-dei.

De kalinder wurdt útbrocht troch útjouwerij Bornmeer fan de Gordyk en de priis is fyftjin euro. Foar sinteklaaskadootsjes (ek gaadlik foar bûten- en net-Friezen) is it no faaks noch wat betiid, mar it lit him oansjen dat de kalinder tsjin dy tiid al wolris útferkocht wêze kin.
It is te hoopjen dat it idee sa goed oanslacht dat dizze útjefte it begjin fan in lange tradysje wurdt. Yn jierren sûnder kulturele haadstêd te wêzen hat Fryslân ek genôch nijsgjirrichs om oer te fertellen.

oktober 11, 2017 11:06
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.