Romte foar natuer yn Boppe Tsjonger en Grutdjip

oktober 12, 2017 10:15

Tsjonger (foto: Wikipedia/Gouwenaar)

Woansdei 11 oktober levere Wetterskip Fryslân de earste faze op fan de ferbreding fan it Grutdjip by Easterwâlde en de Boppe Tsjonger. Fan it Grutdjip is goed twa kilometer breder makke. Yn 2018/2019 wurdt trochgien mei it ferbreedzjen fan de 12,5 kilometer fan it Grutdjip en Boppe Tsjonger. Dêr wurdt de ekologyske wetterkwaliteit fan beide fearten mei ferbettere. Der ûntstiet ek ekstra wetterberging. Dy beskermet it gebiet, sadat it better tsjin oerstreamingen yn perioaden dat der in soad wetter falt.

Bettere wetterkwaliteit
Mei it ferbetterjen fan de ekologyske wetterkwaliteit foldocht it wetterskip oan de doelstellingen fan de Europeeske Kaderrjochtline Wetter. Om it jier bliuwt tenei in stripe wetterplanten oan ien kant fan de fearten stean.

Fiskpassaazjes
Tagelyk mei it ferbreedzjen leit it wetterskip in stikmannich fiskpassaazjes oan. Troch it wurk mei-inoar te kombinearjen hawwe de omkriten der sa min mooglik hinder fan. Trije fan de fjouwer keardammen yn it Grutdjip hâlde de fisken no tsjin. It wetterskip bringt dêr no fiskpassaazjes oan, sadat de fisken dêr tenei lâns kinne.

Planning
Yn de lêste wike fan augustus sette Attema út Heech mei it westlik part fan it Grutdjip útein. Dy earste faze koe yn in koarte tiid en yn nau oerlis mei de eigener fan de grûn deromhinne ôfmakke wurde. Dat stik is op 11 oktober oplevere. Yn 2018 wurdt it eastlik part fan it Grutdjip dat noch oerbliuwt oanpakt en yn 2019 folget it lêste part fan de Boppe Tsjonger.

It projekt wurdt mei bekostige troch de Europeeske Uny.

oktober 12, 2017 10:15
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*