Rjochter pakt Katalaanske politisy en plysjes harren paspoart ôf

oktober 16, 2017 20:40

In hege rjochtbank yn Madrid hat de Katalaanske plysjebaas Josep Lluís Trapero syn paspoart ôfnommen. Trapero wurdt beskuldige fan it ûndermynjen fan it gesach, om’t de Katalaanske plysje op 1 oktober net genôch dien hawwe soe tsjin it referindum. Neffens in ferklearring fan de Guardia Civil, in Spaanske plysje-organisaasje, hawwe de Katalaanske plysjes “skandalich tebekhâldend” west.

Trapero mei Spanje de kommende tiid net út. Syn paspoart is er kwyt en hy moat him twaris yn ‘e moanne by de rjochter yn Madrid melde. Ien fan syn neiste meiwurkers en de lieders fan twa Katalaanske politike partijen hawwe deselde maatregels oplein krige.

oktober 16, 2017 20:40
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.