Ried fan de Fryske Beweging sil ferfarre

oktober 11, 2017 15:00

De Ried fan de Fryske Beweging, ûnder oaren ferantwurdlik foar It Nijs, sil begjin novimber ferfarre. It kantoar oan it Keetwaltsje yn Ljouwert wurdt dan ynruile foar in romte oan ‘e Bûterhoeke yn datselde plak.

De ferhuzing wie nedich, om’t der op it hjoeddeiske plak oan it Keetwaltsje apparteminten komme. De Ried fan de Fryske Beweging komt op it nije plak mei Tresoar yn ien romte te sitten. Dy organisaasje is ûnder oaren de behearder fan ‘e provinsjale bibleteek en it Fryske Ryksargyf. Taalorganisaasje Afûk sit ek yn it pân. It Histoarysk Sintrum Ljouwert, de Fryske Akademy en it nije taalmuseum Lân fan taal lizze der ek deun by.

It nije adres is fan 1 novimber ôf:
Bûterhoeke 1
8911 DH  Ljouwert

oktober 11, 2017 15:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*