Regearakkoart fol perspektyf foar Fryslân

oktober 10, 2017 19:10

Ekstra jild foar ynfrastruktuer, romte foar sirkulêre ekonomy en in ekonomysk aksint op lânbou, wetter en itensproduksje. It nije regearakkoart dat tiisdei presintearre is biedt kânsen foar Fryslân. Dat konkludearje Deputearre Steaten fan Fryslân yn in earste reaksje.

Op in soad gebieten sjogge DS positive effekten:

  • It spoar Swolle – Ljouwert giet iepen foar regionale ferfierders. Dêr kriget de regio mear foech troch oer de tsjinstregeling, tariven en foarsjenningen yn de trein.
  • It ekstra ynfrajild biedt kânsen foar de slûs by de Ofslútdyk, it akwadukt ûnder de Skarster Rien tusken De Jouwer en De Lemmer en it spoarakwadukt ûnder it Van Harinxmakanaal by Ljouwert. Unfeilige ferkearsdiken binne ek oan te pakken. Fryslân makket gading nei ekstra jild foar fytspaden.
  • Wettertechnology makket mei lânbou en itensproduksje ûnderdiel út fan it topsektoarebelied. Dat stimulearret de ûntjouwing fan Wetsus, de Watercampus en de Dairy Campus.
  • De provinsje makket graach fan it oanbod gebrûk om ôfspraken te meitsjen oer it ferduorsumjen fan wenningen en oer in miks fan enerzjybesparring en griene stroom. It earste hie Fryslân ek op oanstien en al regelingen foar makke.
  • De ynset om foarop te rinnen op it mêd fan klimaatdoelen set de doar iepen foar it útbouwen fan de sirkulêre ekonomy. Dêr giet de Provinsje graach oer yn petear mei de lanlike oerheid.
  • Op in tal terreinen jout de koälysje de regio mear mooglikheden om te Dat jildt bygelyks foar krimpregio’s en ekonomysk belied.
  • It oernamefûns foar jonge boeren helpt by de bedriuwsfiering yn de Fryske feehâlderij.
  • Fan it ekstra jild foar de plysje ferwachtet de Provinsje ek mear plysjes yn plattelânsgebieten. It yn begjinsel iepenhâlden fan rjochtbanken is posityf foar Ljouwert, krekt as it yn stân hâlden fan finzenissen yn de regio.
  • Mear jild foar ûnderwiisefterstannen, foar lytse skoallen, foar grien ûnderwiis en it technykûnderwiis op it VMBO liket goed út te pakken foar it Fryske ûnderwiis.
  • It oankundige ekstra jild foar definsje biedt mooglikheden om de útstelde ûnbemanne gefjochtsfleantugen dochs noch earder nei Ljouwert te heljen. Dat kin hûndert ekstra banen opsmite.
  • Der komt mear omtinken foar kultuer, ek yn de regio.
  • Dat skoalbern op syn minst ien kear in besite bringe oan it Ryksmuseum en de Twadde keamer fine Deputearre Steatet in moai inisjatyf. Dêr wolle se graach op ynspylje troch it stimulearjen dat alle Fryske skoalbern in besite bringe oan it Frysk Museum.
  • Foar it opknappen fan monumintale tsjerken binne tsientallen miljoenen ekstra beskikber.
  • Mear jild foar de kombinaasje fan ûnderwiis en topsport kin te’n goede komme oan it Centrum voor Topsport en Onderwijs op it Hearrenfean. Der komt mear stipe foar de organisaasje fan EK’s en WK’s, dy’t ûnder mear yn Thialf holden wurde.
  • It stimulearjen fan de gearwurking tusken private en publike media yn de regio kin obstakels yn de mediaregeljouwing weinimme dy’t no yn Fryslân problemen opsmite.
  • It Ryk jout gjin nije fergunningen ôf foar proefboarringen nei ierdgas op it lân.
  • Dat it Frysk op ’e nij net yn de Grûnwet komt, muoit it kolleezje.

De Provinsje stipet it pleit om te kiezen foar aparte ministers voor sawol Lânbou as foar Klimaat. Wol Nederlân oan de top bliuwe yn de agraryske sektor en de omslach meitsje nei in duorsume lânbou, dan heart dêr in ferstjinwurdiging op it allerheechste nivo by. Dat jildt ek foar it berikken fan de ambysjeuse klimaatdoelen.

©Foto: Hoge Noorden/ Jacob van Essen
14-03-2017

oktober 10, 2017 19:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*