Prûmkewurden: alte-alte

oktober 6, 2017 10:13

Foto: Morguefile.com

Wa man rûn eartiids net mei in prûmke tusken de kiezzen? Hjoed de dei is it prûmkjen al lang út ’e moade. As jo ris ien sjogge mei in prûmke tusken de kiezzen, dan falt dat fuortendaliks op. Der binne ek wurden dy’t eartiids folksriem wienen, mar dy’t no mar selden mear ien yn ’e mûle nimt. Under de namme ‘prûmkewurden’ besprekt Henk Wolf de kommende tiid in stikmannich fan sokke wurden.

Troch Henk Wolf

It is noch lang net wei út de sprektaal, mar op it net sykje ik der fergees om: alte-alte. Sa’t ik it kin, stiet der altyd in ûntkenning by. En wa’t ‘net alte-alte’ is, dy is net rjocht by syn ferstân, net hûndert punten, net goed wiis, net sa tûk.

It wurd is nei alle gedachten ûntstien út ‘net al te tûk’ of sokssawat. It lêste wurd is dan grif fuortlitten en alte is stadichoan in wurd op himsels wurden. Nijsgjirrich is dat it ferdûbele is ta alte-alte. Sokke ferdûbeling wurdt yn ‘e taalkunde reduplikaasje neamd. Guon talen meitsje dêr in soad gebrûk fan. It Yndonesysk brûkt reduplikaasje bygelyks om in wurd yn it meartal te setten. In foarbyld: orang is ‘minske’ en orang orang is ‘minsken’.

Yn it Frysk wurdt reduplikaasje mar selden brûkt, mar der is wol in hantsjefol foarbylden fan te finen. De útroppen nokes nokes en tuike-tuike (‘kalm oan’) ha folsleine reduplikaasje, blabla (‘ûnsin’) en tamtam (‘soarte trommel’) binne ek foarbylden. Yn de tiidwurden sigesaagje en wilewarlje hat men ûnfolsleine reduplikaasje.

Oprop: witte jo ek moaie foarbylden fan reduplikaasje, yn it Frysk of yn oare talen? Lit it ús dan witte op ynfo@itnijs.frl of fia Facebook. De moaiste foarbylden pleatse wy op ús webstee.

 

 

oktober 6, 2017 10:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*