Prûmkewurden: âlde pake en âlde beppe

oktober 20, 2017 09:28 Fernijd

Wa man rûn eartiids net mei in prûmke tusken de kiezzen? Hjoed de dei is it prûmkjen al lang út ’e moade. As jo ris ien sjogge mei in prûmke tusken de kiezzen, dan falt dat fuortendaliks op. Der binne ek wurden dy’t eartiids folksriem wienen, mar dy’t no mar selden mear ien yn ’e mûle nimt. Under de namme ‘prûmkewurden’ besprekt Henk Wolf de kommende tiid in stikmannich fan sokke wurden.

Troch Henk Wolf

As bern hie ik neist in pake en beppe ek in âlde pake en in âlde beppe. Dat wienen de heit en mem fan pake en beppe, myn oerpake en -beppe. Ik ha lang tocht dat it in gekkichheidsje fan ‘e famylje wie om se sa te neamen, oant ik op in kear yn it Wurdboek fan de Fryske Taal seach dat ‘âlde beppe’ foar ‘oerbeppe’ en ‘âlde pake’ foar ‘oerpake’ wol mear brûkt wurde.

Dat wie alteast sa yn it materiaal dêr’t it wurdboek op basearre is. Oft ‘âlde pake’ en ‘âlde beppe’ no noch yn gebrûk binne, wit ik net. Ik hear de oantsjuttingen noait. Binne der mear minsken dy’t har oerpake en -beppe sa neamden, of miskien noch sa neame?

oktober 20, 2017 09:28 Fernijd
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Ed oktober 22, 14:54

    Nee, âlde pake en âlde beppe silst net faak hearre, mar ik haw it al faker as ienris lêzen yn ‘e krante.
    It komt wol gauris foar yn ‘e skûtelbank, dêr’t ik sa’n prûmkewurd om sis.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*