Premjêre ‘Yn dit lânskip leit myn libben’

oktober 26, 2017 11:17 Fernijd

Boarne: Tresoar

De nije dokumintêre Yn dit lânskip leit myn libben dy’t op it Noardlik Filmfestival 2017 yn premjêre giet, wol Tresoar yn 2018 yn it ramt fan Lân fan taal in ynternasjonaal publyk yn ‘e kunde komme litte mei de skjintme fan de Fryske literatuer. Hylke Speerstra, suksesfol Frysk skriuwer fan boeken as De oerpolder en Op klompen troch de Dessa, Huub Mous, keunsthistoarikus en kultuerkritikus en skriuwer fan boeken lykas De Fries die in de toekomst sprong en Fries modernisme in de jaren zestig, en skriuwster Hilda Talsma, bekend fan boeken as De twadde hûd, skriuwe elk in brief oan in al ferstoarne Fryske skriuwer.

De dokumintêremakkers Halbe Piter Claus en Ismael Lotz besykje sa Fryske populêre skriuwers fan hjoed-de-dei en in kritikus in ferbining meitsje te litten mei har literêre foargongers. Mei argyfbylden en sfearfolle nij makke bylden rûnom út de hiele provinsje en literêre sitaten wurdt de rykdom en it belang fan de Fryske literatuer mei in film ferbylde.

De film is Frysk sprutsen en yn it Nederlânsk ûndertitele.

De premjêre is op tongersdei 9 novimber fan 14.30 oant 16.00 oere yn Stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert.

oktober 26, 2017 11:17 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.