Oar uterlik foar de Fryske helpers fan Sinteklaas

oktober 7, 2017 16:03

By syn lanlike yntocht ferline jier yn Maassluis hie Sinteklaas net syn tradisjonele swarte piten by him, mar piten yn allegear kleuren. “Achteraf gezien niet zo geslaagd”, seit Willemijn Francissen fan omrop NTR. “Het paste te weinig binnen de traditie en het zag er niet leuk uit.”

Dit jier komt Sinteklaas yn Fryslân oan en wol yn Dokkum. De gemeente Dongeradiel, dêr’t Dokkum yn leit, docht te witten dat Sinteklaas gjin bûntkleurige helpers meinimme sil. Yn Fryslân hawwe de helpers fan Sinteklaas hast oeral altyd de tradisjonele swarte kleur hân. De NTR docht te witten dat de omrop “met vallen en opstaan” siket om in uterlik fan ‘e feinten dêr’t elk tefreden mei is. Oft dat beslút dat de NTR de Fryske tradysje oanhâldt of dat de benammen Rânestedske trend fan blanke piten mei wat roet op ‘e snút folge wurdt, wol de NTR net sizze.

oktober 7, 2017 16:03
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*