Nije útstalling Beeld en Geluid oer nijsmedia

oktober 12, 2017 19:44 Fernijd

Ofbylding: Beeld en Geluid

Yn tiden fan nepnijs, filterbubbels en nije foarmen fan (online) sjoernalistyk, is de ynfloed fan it deistich nijs grutter as ea. Nijsmakkers kreëarje bewust of ûnbewust in eigen ferhaal út har ynsichten en mieningen wei. Kin nijs wol folslein objektyf wêze?

De útstalling Nieuws of Nonsens: #demediamindfuck, dy’t op tongersdei 2 novimber úteinset yn it Nederlands Instituut voor Beeld en Geluid yn Hilversum, set jin oan it tinken oer wat nijs is en hoe’t it jins wrâldbyld foarmet. Nieuws of Nonsens is in eachiepener foar elkenien dy’t mear witte wol oer hoe’t nijs makke wurdt, hoe’t elk sels syn nijs selektearret en him der, bewust of ûnbewust, troch beynfloedzje lit. Mei audiofisuele presintaasjes wurdt de besiker meinaam yn tema’s as betrouberens, sjoernalistyk, jild fertsjinje mei nijs, filterbubbels en (nep)nijs.

Beeld en Geluid rjochtet him mei de útstalling ek op learlingen fan it fuortset ûnderwiis. Hja ûntdekke boartsjendewei de rol fan nijsmedia yn har libben. Se kinne bygelyks as groep meidwaan oan in ynteraktyf nijsspul of it nijs presintearje mei help fan in autocue. By de útstalling is ek in wurksjop te boeken foar it fuortset ûnderwiis en it mbû, dêr’t learlingen sels in nijsûnderwerp yn produsearje en in strategy ûntwikkelje.

De útstalling Nieuws of Nonsens is it earste resultaat fan de fúzje mei it Persmuseum, dy’t op 3 maaie bekrêftige waard. Troch dy bondeling fan krêften foarmet him ien organisaasje dy’t de skiednis en aktualiteit fan media, parse en sjoernalistyk beljochtet.

Nieuws of Nonsens: #demediamindfuck is iepen foar publyk fan tongersdei 2 novimber 2017 ôf yn it Nederlands Instituut voor Beeld en Geluid yn Hilversum. Iepeningstiden: tiisdei o/m snein fan 10.00 oant 17.30 oere.

Sjoch op www.beeldengeluid.nl/nieuwsofnonsens foar mear ynformaasje.

oktober 12, 2017 19:44 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*