Nij plan foar DNA-LWD2018 keunstwurk

oktober 25, 2017 08:21

It keunstprojekt DNA-LWD2018 sammelet it DNA fan alle Ljouwerters yn. It is it mienskip-keunstprojekt dat al in soad Ljouwerters útnûge hat om harren ferhaal yn in eigen DNA-buiske te dwaan en dat fêst te lizzen op in persoanlike digitale bledside fia www.dnalwd2018.nl.

Elkenien dy’t mar wat mei Ljouwert te krijen hat, kin meidwaan en bout mei oan in grut keunstwurk dat fan 2018 ôf te sjen is yn it stedskantoor fan Ljuwert. Alle DNA-buiskes mei de persoanlike ferhalen foarmje mei-inoar it DNA fan Ljouwert en dêrmei ek it keunstwurk.

Nij ûntwerp
It plan fan it ymposante en ynteraktive keunstwurk hat de foarm fan in kubus en bestiet út in ramt opfolle mei tûzenen DNA-buiskes dy’t mei-inoar it ferhaal fan Ljouwert fertelle. It eardere ûntwerp, dat de foarm fan in nautilusskulp hie, bliek net te passen by de nije ynrjochting fan it stedskantoor. Keunstner Hein de Graaf: “It nije ûntwerp past no poerbêst yn de hal fan it Stedskantoor. It is tiidleas en alle DNA-buiskes krije yn it keunstwurk likefolle oandacht. Elk buiske is yn dat ûntwerp ek better werom te finen.”

Sa gau as it keunstwurk der stiet, kin men mei help fan in webapplikaasje op dnalwd2018.nl it persoanlike DNA-buiske fan elkenien fine, ek fan oaren, en besjen en beharkje.

Meibouwe
Meibouwe oan it keunstwurk kin noch hieltyd. Buiskes binne op te heljen by de loketten yn it stedskantoor of by it Historisch Centrum Leeuwarden. Dêr kin men in buiske ek wer ynleverje nei’t it folle is en registrearre op www.dnalwd2018.nl. Sa wurde alle ferhalen ek online ynsammele.

DNA-LWD2018 is in inisjatyf fan Stichting Zeezicht, part fan Lân fan Taal, in ko-produksje mei it Historisch Centrum Leeuwarden.

oktober 25, 2017 08:21
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.