‘Moanne fan de Skiednis’ yn Fryslân

oktober 12, 2017 11:55

Ljouwert en It Hearrenfean pakke út

It is op it stuit de moanne fan de skiednis. Dat is it grutste histoaryske evenemint yn Nederlân. Yn Fryslân binne ek alderhande aktiviteiten pland: fan lêzingen en histoaryske útstapkes oant in skiedniswykein yn Ljouwert en op it Hearrenfean. Dat evenemint bringt op on kreative wizeskiednis ûnder it omtinken fan in breed publyk. It tema is fan dit jier is gelok.

Oer it tema fan it jier wurdt alle jierren in essay skreaun. Dit jier komt it fan emearitus heechlearaar Nederlânske Letterkunde Herman Pleij. Sneon 14 oktober jout dy yn de biblioteek fan Easterwâlde in lêzing oer hoe’t gelok troch de jierren hinne belibbe wurdt. Neffens Pleij is der in komplete geloksyndustry ûntstien en dêr is foarearst de ein noch net fan wei.

Skiedniswykein It Hearrenfean
Fan 12 oant en mei 15 oktober hat It Hearrenfean foar it earst in skiedniswykein. Dêr wurkje Museum Heerenveen, Werkgroep Oud Heerenveen, Bibliotheek Heerenveen en het Dokumintaasjesintrum Jobbegea yn mei-inoar gear. It begjint mei de oerknal. Yn de biblioteek op it Hearrenfean sil wittenskipsjoernalist en ‑publisist Govert Schilling yn in lêzing hearre litte hoe’t hy it ûntstean fan de ierde sjocht. Sneons binne der alderhande aktiviteiten yn it museum, wêrûnder in spektakulêre rûnlieding dêr’t earder ynwenners yn ta libben komme. Der is ek in kuier- en in fytstocht troch it Hearrenfean fan Ferdinand Domela Nieuwenhuis. It wykein wurdt ôfsletten mei in skiedniskwis.

Wykein fan de Ljouwerter Skiednis
Fan 27 oant en mei 29 oktober organisearet it Historisch Centrum Leeuwarden it Wykein fan de Ljouwerter Skiednis. Dat sil ekstra feestlik wêze omdat it HCL tsien jier yn it gebou oan de Grienewei sit. It begjint mei de Ljouwerter histoaryske kwis. Fan sneon op snein is it de Nacht fan de Ljouwerter Skiednis. Under mear is der in Kulinêre Mata Hari Tour en men kin fergees op de Aldehou en yn it Pier Pander Museum. Sneins is it de Dei fan de Ljouwerter Archeology mei living history, kuiertochten en presintaasjes.

Mear ynformaasje is te finen op http://www.maandvandegeschiedenis.nl/page/368/friesland

oktober 12, 2017 11:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*