Minderheden

oktober 11, 2017 08:00

Troch Aant Mulder

It is in nuvere tiid. Minderheden en talen fan minderheden krije dizze wiken in protte omtinken. Ferline wike hie ik it oer de Europeeske hantekenaksje Minority Safepack Initiative, dat boargerinisjatyf om wat mear omtinken foar minderheden en de talen fan dy minderheden te freegjen. Dat inisjatyf sette ferline wike útein. De teller stiet no op sa’n 350 hantekens, wylst der 19.500 komme moatte. Dat fljocht dus net sa hurd. De bedoeling fan dy hiele aksje is dat Europa wat mear omtinken hawwe sil foar dy minderheidstalen, dat der wat mear romte komt om dy eigen talen te brûken, dat der wat mear foech komt om de dingen dy’t te krijen hawwe mei de eigen taal en kultuer sels regelje te kinnen.

Noch gjin wike letter, om krekt te wêzen ferline wike snein, 1 oktober, hold Kataloanië in referindum en we witte allegearre hoe’t dat gien is. Dy minderheid, mar wol in gruttenien, stiet ynienen yn it sintrum fan de belangstelling. De Katalanen dy’t in stim útbringe koene, wiene yn grutte mearheid foar in selsstannich Kataloanië. It Spaanske regear hat goed dúdlik makke hoe’t dêr yn Madrid oer tocht wurdt. We hawwe allegearre de Spaanske premier Rajoy wol heard. Selsstannigens kin neat fan komme. De Spaanske kening Felipe hat dat nochris dúdlik ûnderstreke. Men soe hoopje dat goede petearen útkomst bringe. Dy kâns wurdt lykwols by de dei lâns lytser. Ynienen is der op in hiel oare wize omtinken foar minderheden. Foaroanmannen en -frouwen krije fragen oer wat de eigen minderheden derfan fine, wat dy dwaan soene en betink it allegearre mar. Ynienen wurde Friezen befrege oer ôfskieding, selsstannigens, wylst elkenien wol wit dat soks yn Fryslân hielendal net neistribbe wurdt.

Yn Fryslân giet it om wat mear foech om de eigen taal brûke te kinnen en de eigen kultuer oerein te hâlden. Dêr wolle Friezen mei-inoar graach wat mear romte foar, mar dat moat foar de helsdoarren weisleept wurde. En faak slagget dat net iens. Dat is it probleem dat minderheden hawwe. Dat sizze jongelju fan de Sorben yn Dútslân, fan de Dútske minderheid yn Denemarken en út Albanië eins ek. Alteast sa stiet dat yn ’e krante. Dy jongelju wiene tiisdei mei oaren fan it YEN (Youth of European Nationalities), in busfol, yn Fryslân op besite. Sa wolle se yn tsien dagen nei acht lannen ta om alve minderheden te moetsjen. Moai!

Yn Fryslân stiet op dit stuit it Frysk op skoalle wol wer aardich sintraal. Better sein: it te min oan omtinken foar de eigen Fryske taal yn it basisûnderwiis. It brûken fan in taal moat leard wurde en dat moat op skoalle barre. Dat bringt my by de minsken fan Sis Tsiis, fan ’e wike ek aktyf. Sy stelle dat de eigen taal in minskerjocht, in bernerjocht, is. Sy krewearje der ôfgryslik foar om dat dúdlik te meitsjen. Dat dogge se mei demonstraasjes en kuiertochten, dat dogge se mei ynhâldlik ferwar. Dat ynhâldlik ferwar rjochtet him benammen op it feit dat basisskoallen hiel maklik ûntheffing krije kinne foar it Frysk. Foar dat krewearjen falt wol wat te sizzen, as we witte dat no al santich persint fan de skoallen foar ien of mear aspekten fan it Frysk ûntheffing krige hawwe en dus mei minder Frysk folstean kinne.

Neffens deputearre Poepjes komt soks it Frysk te’n goede. Dat is mar min te leauwen. Sa binne der earder wer minder bern dy’t wer minder goed Frysk leare. En it hold al net folle yn. Sa wurdt neffens Sis Tsiis bern it minskerjocht fan de eigen taal ûntholden. Dat hawwe se tongersdei wer dúdlik makke. Doe hawwe se op it Provinsjehûs yn Ljouwert in beswierskrift yntsjinne tsjin dat provinsjale ûntheffingsbelied. Dat barde yn in harksitting dy’t troch aardich wat minsken bywenne waard. Guon fan dy minsken hiene har by it stasjon sammele en wiene yn in soarte fan demonstrative kuiertocht nei it Provinsjehûs ta rûn. It beswierskrift waard net ûntfanklik ferklearre en dat wie wol ferwachte. It ferhaal hâldt likegoed net op. Sis Tsiis sil de ûntheffingssaak no nei it Europeesk Hôf foar de Rjochten fan de Minske bringe. Dat is allegearre om wikseljend lilk en moedeleas fan te wurden.

Dat wie tongersdei. Dat wie tagelyk de dei dat de juffen en masters fan de basisskoallen staakten. Dat diene se om mear jild en better ûnderwiis. By better ûnderwiis yn Fryslân heart ek better ûnderwiis yn it Frysk. Dat dy stakende masters en juffers hiene moai nei it Provinsjehûs yn Ljouwert ta kinnen om Sis Tsiis te stypjen en om sa dúdlik te meitsjen dat Sis Tsiis alle gelyk fan de wrâld hat. Se wiene der net.

Dan krige ik fan ’e wike ek noch in amendemint fan D66 yn Drachten ûnder eagen, dêr’t yn stiet dat yn Smellingerlân it taalbeliedsplan en de taalferoardering net fêststeld wurde moatte om’t der ferplichtsjende maatregels oangeande it brûken fan it Frysk yn steane. Ferplichtsjende maatregels, dat fine se diskriminearjend, net foar ús, mar foar minsken dy’t it Frysk net behearskje. D66 giet hielendal foarby oan it feit dat Friezen al sa lang diskriminearre wurde, dat se it net iens mear yn ‘e gaten hawwe.

Ik hâld dit ferhaal yn it programma ‘Gewoan Frysk’, mar jimme begripe wol wer: Frysk is noch lang net gewoan. Dat is fan ’e wike wol wer dúdlik wurden.

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 7 oktober yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
oktober 11, 2017 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*