‘Meet me at the Fountain’ yn 2018 yn Akkrum

oktober 11, 2017 16:40

Folkert Kuipers / Frank Cooper (foto: Meet me at the Fountain)

Yn it ramt fan LF2018 wolle de doarpen Akkrum en Nes in grut kultureel evenemint organisearje dêr’t yn prinsipe alle ynwenners oan meidwaan kinne. It evenemint is ynspirearre op in yllustere doarpsgenoat, Folkert Harmen Kuipers. Dy hanneler yn manufaktueren teach yn 1866 nei de Feriene Steaten en waard in fortunearre sakeman. Hy liet him naturalisearje en neamde him Frank Cooper. Tegearre mei syn partner Siegel stifte er yn 1892 in gigantysk warehûs yn Chicago. Fjouwer jier letter bouden se ‘The largest store in the world’ yn New York.

Folkert Kuipers / Frank Cooper
Doe’t er ris weromkaam yn Akkrum waard er troffen troch de earmoed fan foaral âlderen yn it dorp. Hy stifte dêrom it bekende Coopersburg, lein oan de oere fan de Boarn, dêr’t earme âlderen fergees wenje mochten.

By de iepening fan it New Yorkse warehûs yn 1896 wiene sa’n 160.000 minsken op de foet. Der wurken twatûzen minsken, dy’t arbeidsomstannichheden hiene dy’t no net misstean soene: fakânsje, eigen fakânsjehuzen, in biblioteek, ûntspanningsromten, ensafh.

Akkrum en Nes stean bekend as dynamyske doarpen dêr’t op allerhanne mêd fan alles ûndernaam wurdt, as yn ’e geast fan Frank Cooper. De ynwenners fan Akkrum en Nes presintearje yn juny 2018 it libben yn Sixth Avenue yn New York om it jier 1900 hinne yn in libbensecht dekôr dêr’t ek it gigantyske winkelgebou yn neimakke wurdt.

In metamorfoaze fan it Heechein
Troch op de Tsjerkebleek oan it Heechein de foargevel fan it ymposante warehûs nei te bouwen mei printe steigerdoeken, dy’t op steigers en boukranen spand wurde. Troch in werklike winkelyntree te kreëarjen, wêrnei’t men yn in grutte tinte komt en men him yn de Big Store waant. It winkelbyld út dy tiid sil ferbylde wurde troch in neibouwen fan de oarspronlike grutte sintrale fontein en troch libbene wandprojeksjes mei help fan moderne multimediatechniken. It Heechein wurdt feroare yn Sixth Avenue út it New York fan om 1900 hinne, troch in gevelwand op te bouwen mei steigerdoeken dy’t printe binne mei de ôfbyldings fan de gebouwen út dy tiid. Op ‘e dyk wurdt mei help fan in protte pleatslike artysten muzyk, sang, dûns en teater fan dy tiid op ferskate tiden en lokaasjes sjen en hearre te litten. Akkrumer en Neskers sille klean drage út dy tiid, foar in part yn in libbene teaterfoarm.

Meidwaan?
Alle ferienings, wiken, yndividuele bewenners kinne meidwaan en in bydrage op hokker flak dan ek leverje. Der is al in begjin fan in projektorganisaasje opset. Sa binne wurkgroepen as muzyk en dûns, teater en klean, merke en winkels, big store en pr & communikaasje al oan it brainstoarmjen hoe’t ien en oar foarmjûn wurde kin. Mar der moat noch in protte útwurke en betocht wurde. Hawwe jo ideeën? Wolle jo meidwaan? Nim kontakt op fia mail@meetmeatthefountain.nl.

Sjoch foar mear ynformaasje op www.meetmeatthefountain.nl.

oktober 11, 2017 16:40
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*