Lykweardich mar net gelyk

oktober 17, 2017 04:00 Fernijd

Kollum fan Jabik van der Bij

Yn it nije kabinet krije wy wer in minister foar migraasje en alles wat dêr mei te meitsjen hat. Dy kriget net in eigen departemint, mar wurdt in part fan it ministearje foar Ynlânske Saken. It is net in hielendal nij ferskynsel. Fan 2002 ôf hat der ûnder ferskillende titels al in minister of steatssekretaris west dy’t de ferantwurdlikheid krige oer rom sein it frjemdlingebelied. Dêrfoar hat Job Cohen al sa’n soarte funksje hân. Stadichoan binne de nammen op de eftergrûn kommen. Hilbrand Nawijn soe alle problemen dy’t Pim Fortuyn beneamd hie wol eefkes oplosse. Hy hat it mar in pear moanne dien, omdat Rutte I mei in protte gesoademiter útinoar foel. Rita Verdonk  koe it de Twadde Keamer op dy portefeuille ek net nei ’t sin meitsje. Se krige dien. Har opdracht waard oernommen troch Hirsch Ballin, in man dy’t der wat minskliker yn stie. Under in oare titel mocht Ella Vogelaar (minister fan VROM) har tosken der noch eefkes ynsette, mar hja stroffele oer de oare helte fan har portefúlje.  Dêrnei hat Gerd Leers syn bêst dien op itselde ûnderwerp. Yn 2012 waard besletten dat der gjin aparte minister foar migraasje komme soe. Oant no ta is it gjin sukses wurden. Dêrfoar wie de hjitte apel al fan it iene nei it oare ministearje skood, mar neat befredige. Tenei soe ymmigraasje en asyl ûnderbrocht wurde by Feilichheid&Justysje en yntegraasje by Sosjale Saken en Wurkgelegenheid. No sa, gjin apart ministearje mear.

No’t VVD en CDA gâns foar it sizzen krigen ha nei de lêste ferkiezingen moat de boel dochs mar wer byinoar smiten wurde mei in eigen minister. Dy moat wol ynwenje by Ynlânske Saken, mar dochs. Soene de problemen no oplost wurde? It is in poepetoer om it elts nei it sin te dwaan. Wilders en sûnt koart Baudet steane mei de tommen yn ’e fersjebûse oan ’e kant te opsichterjen. Hja ha de oplossing wol: grinzen ticht. Hoe’t dat moat ha se der noch net by sein.

It is te hoopjen dat der immen komt dy’t net foar de simpele oplossingen kiest. Dat de hiele wrâld net yn Nederlân delstrike kin wit elkenien wol, mar de minsklikheid gebiedt dat minsken yn need holpen wurde moatte. Dat flechtlingen dy’t har hjir nei wenjen sette ynboargerje moatte, binne wy it wol oer iens, mar se meie ek harsels wêze. De Nederlanners binne ek net allegearre gelyk: wol lykweardich mar net gelyk. Gelokkich mar, want Noard-Koreaanske  twang wolle wy net. Dat stiet heaks op wat wy altyd nei bûten ta hearre litte: wy binne frije minsken.

Dat taal wichtich is om je earne thús te fielen en mei te dwaan stiet as in peal boppe wetter, mar dat se har bot ferdjipje moatte yn de ‘vaderlandse geschiedenis’ liket my net in earste prioriteit. Al hielendal net as de efterlizzende gedachte is dat se grutsk wêze moatte op alles wat hjir yn it ferline bard is of wat ús foarâlden earne oars op ’e wrâld útfretten ha. De VOC-mentaliteit fan Balkenende meie se om my wol by har delglide litte. Wa’t de eftergrûn yn him omgean lit fan de hillichferklearing juster troch de paus fan de slachtoffers fan de Nederlânske moardpartij yn 1645 yn Natal yn Brazilië sjocht wat oars tsjin dy VOC-mentaliteit oan.

Foar wa’t it net heard hat: Nederlânske kolonisten besochten healwei de 17e iuw de macht fan de Porugezen yn Brazilië oer te nimmen. Roomsk-katoliken yn dat gebied waarden twongen om protestant te wurden. Yn july 1645 waarden dejingen dy’t dat wegeren fermoarde: in 73-jierrige pryster en 69 leauwigen waarden ûnder de mis fermoarde. Dat hat him letter nochris werhelle. Sokke grouwélige tastannen meitsje wy no mei yn it middeneasten, yn lannen dêr’t de Islam foar master opslacht. Je soene hast alle religy ferbiede. It is te hoopjen dat de nije bewâldspersoan gjin kâlde rekkenmasine wurdt mar iepen stiet om minsken dy’t ús help nedich ha net yn de kjeld stean te litten.

oktober 17, 2017 04:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.