Lienbedrach oerslútlieningen kelderet yn Fryslân

oktober 20, 2017 18:53

Yn Fryslân is it tal oanfragen foar oerslútlieningen dit jier mei 8,4 persint sakke. It trochsneed lienbedrach foar it gearfoegjen fan besteande lieningen is hjir ek bot leger wurden, mei 37,9 persint nei 22.698 euro. Dat blykt út ûndersyk fan Geldshop, dêr’t 18.515 oanfragen foar lieningen analysearre waarden.

De efterútgong fan it tal oanfragen en it lienbedrach is yn Fryslân folle sterker as de lanlike trend. Yn de earste acht moanne fan 2017 hawwe Nederlanners 7,7 persint minder oerslútlieningen oanfrege as yn deselde perioade yn 2016. It trochsneed bedrach dat foar lieningen frege waard is lanlik mei sa’n 10 persint weromrûn nei 24.352 euro.

Dat ien en oar yn Fryslân leger waard, hat te krijen mei it slinken fan de groep lieners dy’t mear as trochsneed bedraggen oanfreegje. Dy groep bestiet benammen út minsken tusken de 51 en 64 jier âld. Dy kategory fertsjintwurdiget lanlik 39,4 persint fan alle oanfragen, mei in trochsneed fan 27.180 euro.

Minsken tusken de 18 en 30 jier freegje it leechste lienbedrach oan foar oerslútlieningen: 12.034 euro. Sy foarmje mei 6,4 persint de minderheid fan Nederlanners dy’t in oersluting oanfreegje.

It folsleine ûndersyk, met ek de provinsjale resultaten en ferskillen, is te finen op de ûndersyksside ‘Geld lenen voor oversluiten’ fan Geldshop.

 

oktober 20, 2017 18:53
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.