Lêzing Wim Anker yn Biblioteek Frjentsjer

oktober 17, 2017 18:40 Fernijd

Wim Anker (foto: de Biblioteek Noard-Fryslân)

Op tongersdei 26 oktober fan 19.30 oant 21.30 oere jout Wim Anker yn Biblioteek Frjentsjer in lêzing oer strafrjocht en in protte oare saken.

Wim Anker
Wim Anker waard yn 2015 troch syn kollega’s útroppen ta meast wurdearre advokaat fan Nederlân. Hy waard troch de sjuery typearre as in ‘noftere Fries mei each foar de praktyk en in op en top advokaat mei it hert op it juste plak’. Wim Anker is partner by Anker & Anker, in advokatekantoar yn Ljouwert, spesjalisearre yn strafrjocht. Mei syn twalingbroer Hans is er al mear as 35 jier aktyf yn dat berop. By de lêzing komme Ankers prinsipes nei foaren. Der telt mar ien belang en dat is it belang fan de fertochte.

Mear ynformaasje

De lêzing is op tongersdei 26 oktober fan 19.30 oant 21.30 oere yn Biblioteek Frjentsjer. De kosten bedrage € 10,- foar leden fan Biblioteken Noard-Fryslân en € 15,- foar net-leden. Oanmelde foar de lêzing kin dien wurde oan de baly fan de Biblioteek of online fia www.ontdekdebieb.nl.

oktober 17, 2017 18:40 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*