Leafde moat fan twa kanten komme

oktober 3, 2017 12:47

Kollum fan Jabik van der Bij

Doe’t ik it stikje fan Halbe Hettema yn de Ljouwerter Krante fan 3 oktober lies skeat my hast fansels in ferliking mei it Frysk troch de holle. Hettema seit dat as wy skielk noch in skries sjen wolle dan moatte wy dêrfoar yn it museum wêze. De tiid dat ik as jonge it lân ynstjoerd waard om te skytbûtsjen (wy seine dat mei in ‘j’ deryn) of nei it gropjen mei de ierdkarre (wy seine jirdkarre) de seadden fan it lân helje moast, wie der in koar fan fûgels om my hinne. It wie in feest om yn it lân te wêzen. Linkendewei waard it stiller yn de greiden. Lang is sein dat it wol wat tafoel mei de fûgels. Dat is feroare. No hoecht Theunis Piersma net mear sa bot syn bêst te dwaan om minsken te oertsjûgjen dat it op de kop ferkeard komt mei de greidefûgels. It besef dat der wat ferlern giet libbet rûnom.

Miskien giet it Frysk in selde paad. As ik erchtinkend wêze soe, dan is dat gebouw Obe op it Aldehousterplein it wurk fan minsken mei in foarútsjende blik. Der wurdt alfêst in museum boud troch Lân fan taal om it Frysk te konservearjen. Of is it in machteleas gebaar omdat men der mei oan is hoe’t it Frysk in triuw yn ’e rêch jûn wurde moat? Mar ik wol net erchtinkend wêze. It is bedoeld om sjen te litten hoe goed oft wy it hjir mei-inoar ha mei de meartaligens.

foto © GPTV

Politisy meie ornaris graach swetse op wat se allegearre net berikt ha mei har belied. In sterk staaltsje fan dat opportunisme is werom te finen yn de reaksje fan Plasterk op fragen yn de Twadde Keamer nei oanlieding fan de rapportaazje oer de periodike bestjoersôfspraken “ter uitwerking van de gezamenlijke verantwoordelijkheid voor de Friese taal en cultuur en de bekostiging daarvan” (2 december 2016). Plasterk stelt by de beäntwurding fan de fragen dat it de goede kant útgiet mei it Frysk en dat it belied fertuten docht. Ik kin it net litte om him hjir wurdlik te sitearjen:
Sinds 2007 geeft de provincie Fryslân eens in de vier jaar de Fryske Taalatlas uit, waarin cijfers zijn opgenomen over de staat van de Friese taal. Uit deze cijfers blijkt dat tussen 2007 en 2015 de kennis van het Fries op alle vlakken, dus het spreken, verstaan, lezen en schrijven, licht verbetert. 85% van de inwoners verstaat de taal goed tot zeer goed – volgens de Taalatlas van 2015 – en bijna 70% spreekt de taal goed tot zeer goed. Van deze vaardigheden is de spreekvaardigheid in de afgelopen jaren het sterkst toegenomen.”

Plasterk seit fierder dat it lêste ûndersyk noch net hielendal útwurke is “maar de voorlopige resultaten bevestigen het beeld dat de taalatlassen schetsen.” Dat is him fansels ynskúnd troch it Fryske provinsjebestjoer. Men kin fansels net oankomme mei in ferhaal dat it allegearre neat opsmiten hat. Dan jout men jinsels in brevet fan ûnfermogen. Dat de ûndersiken oare útkomsten jouwe as wat elkenien om him hinne merkbyt, lit ik hjir mar eefkes foar wat it is. Dat it mei it ûnderwiis yn it Frysk der net sa bêst foarstiet is al langer net mear in publyk geheim. Deputearre Poepjes sjocht dat ek wol en dêrom hat se in ‘groeimodel’ betocht om it yn de basisskoallen foarút te helpen. Sels wiene se der achter kommen dat trijekwart fan de basisskoallen te min oan it Frysk docht. “Fergemy”, soe men sizze. It is no anno 2017. It is hast fjirtich jier lyn dat it Frysk in ferplichte fak op de legere skoalle (de basisskoalle bestie noch net) waard. En no moat der in ‘groeimodel’ út ’e kast helle wurde. Tagelyk wurdt de folksfertsjintwurdigers foarholden dat it better giet. It liket de tiid fan Colijn wol: “Gaat u maar gerust slapen.”

Dochs wol ik de polityk net allinne de skuld jaan. Ferline wike sei ik dat wy hjir net bang hoege te wêzen foar Katalaanske tastannen. Doe wist ik fansels net dat it sa út ’e hân rinne soe. Ik soe ek net graach wolle dat it hjir sa giet, mar ik soe wol graach wolle dat de Fryske befolking him einlings frijmakket fan syn ivige nederigens as it om de eigen taal giet. Frysk is gjin minderweardige taal. Wy hoege ús der net foar te skamjen. De polityk kin it net allinne dwaan. Dy moat stipe wurde troch de Fryske befolking. Dêr is noch in wrâld te winnen. De leafde sil fan twa kanten komme moatte. Miskien komt dat besef der foar de taal ek nochris, lykas dat der kommen is foar de posysje fan de greidefûgels.

 

oktober 3, 2017 12:47
Skriuw in reaksje

4 opmerkingen

  1. Abe de Vries oktober 3, 16:18

    Van der Bij: ,,Dat it mei it ûnderwiis yn it Frysk der net sa bêst foarstiet is al langer net mear in publyk geheim. Deputearre Poepjes sjocht dat ek wol en dêrom hat se in ‘groeimodel’ betocht om it yn de basisskoallen foarút te helpen.”

    Ien fan twaën: óf Van der Bij hâldt op fan feiten ferdraaien, óf hy hâldt him tenei dwaande mei syn tún. Ik bin foar opsje 2.

  2. Abe de Vries oktober 3, 16:57

    JABIK IS OAN TÚNKJEN TA

    ,,Mar at de minsken dit net wolle, dan moat it harren troch de strot treaun wurde?” frege Frâns Kuipers okkerdeis. Hy tsjutte dêrmei op ferplicht Frysk ûnderwiis op skoallen yn Fryslân.

    Fansels wolle de minsken dat, antwurde ik. It stiet yn in demokratysk oannommen wet. Frysk is in ferplicht fak op alle skoallen. De minsken wolle ek gjin belêsting betelje, mar it moat dochs. Mar moat der dan gjin ‘draachflak’ foar wêze? Draachflak is, sa’t alle bestjoerders en politisy witte, in kwestje fan kreaasje.

    En no seit Jabik van der Bij der ek mar wer ris sines fan. Dy rottige Friezen dochs, wy fan de beweging hawwe it sa goed mei har foar, mar se wolle net! It probleem leit nei myn betinken net by ,,de minsken”. Want wa binne dat en wêr hat wa him útsprutsen? O ja, it Nederlânske folk, ynklusyf Friezen, yn in wet! Dus se wolle it wól.

    It probleem leit oanwiisber by de skoalbestjoeren. Wêrom dogge dy bestjoeren sa muoilik en wolle se amper oan it Frysk? Om’t de oerheid syn eigen wetten net serieus nimt yn Fryslân en net soarget dat dy skoallen ek de middels krije om de wet út te fieren. Oer soksoarte fan saken soe de diskusje gean moatte. Net oer ,,de minsken”.

    Ik sjoch earlik sein gjin alternatyf foar de minskerjochtenbeneiering fan Sis Tsiis. It alternatyf is de eufemistysk ‘Taalplan’ neamde ûntheffinge-operaasje dy’t ûnder tafersjoch fan deputearre Poepjes resultearje sil yn opheffing en etnisearring fan Frysk ûnderwiis, yn de stifting fan taalreservaatsjes yn Fryslân.

    Noch mar yn in pear gemeenten sil Frysk skriuwen leard wurde, yn in pear mear Frysk lêzen, en yn mear as de helte fan de provinsje komt it net fierder as wat healbryks stammerjen leare. Sa’n ûntjouwing ûntnimt tsientûzenen of noch mear bern har eigen taal en rjocht. It is in grêfmarse foar it Frysk as libbene sprek- en skriuwtaal en wy moatte – ek it CDA! – mei man, frou, bern en macht dy marse opkeare en it ûntheffingebelied – sa’t it no staljûn wurdt – weromdraaie.

    Deputearre en Provinsjale Steaten soene de aksje fan Sis Tsiis brûke kinne yn har foardiel, troch te erkennen dat dat perspektyf noait de bedoeling west hat, en dat de tapassing fan de beliedsregel fierstente rom útfalt – dat dy simpelwei werom moat nei de 5-persints noarm. Beliedsbesluten kinne ûnferwachte en ûnwinsklike gefolgen hawwe. Dat te sjen en te erkennen is gjin skande mar in skaaimerk fan wiis bestjoer.

    Miskien kin Van der Bij, as er teminsten ophâlde kin de feiten te ferdraaien én gjin nocht hat oan túnkjen, hjir ris de mûle oer spiele?

  3. Jabik Jans oktober 4, 10:29

    It sit him der ek yn dat yn de opliedingen ta pommerant it Frysk net meidocht. Dûmny’s skine Gryksk, Latynsk, Hebriuwsk en Hollânsk yn ‘e macht te hawwen, mar se kinne net iens Broeksterwâld sizze. Eartiids waard noch wol omtinken jûn op de kweekskoallen/PABO’s , mar sûnt de sintralisaasje is it folslein Hollânsk op sokke opliedingen. Wat wolle jo ek as der treinen fol Grinslanners yn Ljouwert de oplieding folgje. It Frysk fan it jongere ûnderwizend persoaniel is striemin: ferhaspeljen fan de tiidwurden, se hawwe it oer hoeus as se hûs bedoele en oer tied as se tiid bedoele. En dan dy FA en de polityk mei it al mar wer feroarjen fan de stavering. Jo wurde der raar fan.

  4. Eric jannewaris 29, 11:27

    As jo je taal rêde wolle, moatte jo as ‘folk’ selsstannich wurde. En oars wurde jo ôfknypt, lykas no.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.