Kataloanië is no in selsstannige steat

oktober 27, 2017 21:13

Gjalpen fan wille klonken op yn Barcelona, doe’t it parlemint fan Kataloanië hjoed de ûnôfhinklikens útrôp. De Katalaanske folksfertsjintwurdiging hie earder al ta ôfskieding besletten, mar de útfiering dêrfan opskood. No is de brek mei Spanje definityf. It parlemint basearret him op it referindum fan 1 oktober. Doe keas mear as njoggentich persint fan ‘e kiezers foar ôfskieding.

Nei it parlemintsbeslút sei presidint Puigdemont: “No binne wy eigen baas. Wy moatte sterk wêze en de kop derfoar hâlde.” Dêrnei song it parlemint it Katalaanske folksliet.

Der wankt lykwols in oarloch mei buorlân Spanje. De Spaanske premier Rajoy hat in healoere nei it útroppen fan de ûnôfhinklikens besletten om it bestjoer oer Kataloanië oer te nimmen. Foar alle ministers en parlemintsleden fan Kataloanië wankt finzenisstraf. Om foar te kommen dat de folksferstsjintwurdigers oppakt wurde om harren stim is de stimming yn it Katalaanske parlemint anonym dien.

Yn 1934 hat Kataloanië him ek losmakke fan Spanje. Doe hat de selsstannigens tsien oeren duorre. Dêrnei griep Spanje mei hurde hân yn en waard Kataloanië wer ynlive.

oktober 27, 2017 21:13
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Pyt oktober 28, 15:51

    *Kataloanje

  2. Eric Hoekstra oktober 30, 12:52

    Soe aardich PR-fyt wêze as de Fryske Steaten Kataloanje as ûnôfhinklike steat erkenden. Doe’t de Feriene Steaten har ôfskaten fan Grut Brittanje, wiene de Fryske Steaten ek by de earsten dy’t dat diene.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*