Katalaanske partij CUP jout Puigdemont ien moanne

oktober 11, 2017 14:35

It útroppen fan ‘e ûnôfhinklikens fan Kataloanië mei net langer as fjouwer wike duorje. Dat hawwe de leden fan ‘e partij CUP yn it Katalaanske parlemint tsjin presidint Puigdemont sein. Salang’t Kataloanië noch by Spanje heart, sille hja net mear yn it parlemint ferskine.

Mear as fjouwer wike is neffens de CUP-leden net ridlik, no’t de Katalaanske befolking him yn it referindum fan 1 oktober foar ôfskieding útsprutsen hat. Tsjin ‘e ferwachting yn hat presidint Puigdemont it parlemint juster frege om efkes te wachtsjen mei de ûnôfhinklikheidsferklearring, sadat er oan ‘e wrâld útlizze kin wêrom’t Kataloanië it rjocht hat om selsstannich fierder.

No’t de CUP’ers net mear yn it parlemint ferskine, is Kataloanië ûnbestjoerber. Sûnder harren hat de regearingskoalysje gjin mearderheid. Dêrtroch komt der foar it regear ekstra druk op ‘e tsjettel te stean om de takomst fan Kataloanië fluch dúdlik te meitsjen.

oktober 11, 2017 14:35
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*