iPhone en iPad skealik foar de eagen

oktober 7, 2017 20:00 Fernijd

Kollum fan Frâns Kuipers

Ferline wike krige ik in frommes fan it Eachfûns oan de telefoan. Sy woe my graach fertelle dat der hieltyd mear minsken, foaral jongelju, lêsblyn wurde of muoite ha of krije mei it tichteby sjen en lêzen. Goed foar saken as Hans Anders, Pearl of Specsavers, soe men sizze kinne.

It Eachfûns besiket jild yn te sammeljen troch útlis fan tanimmende eachproblemen oer telefoan te jaan. It hopet te berikken dat minsken de beurs lûke. Underwilens rekken wy wat djipper oan ’e praat oer eachproblemen. Wy besochten al pratend derefter te kommen hoe’t it kin dat der aloan mear bern en jongelju in bril nedich ha. Wy kamen ta de konklúzje dat soks rjochtstreeks te keppeljen is oan de iPhone en de iPad. Bern en jongelju binne faak oant let yn de jûn of nachts alle dagen yn trochsneed seis oant njoggen oeren mei dy apparaten dwaande. Filmkes sjen, spultsjes dwaan, whatsappe, Facebook, teksten lêze en neam it mar op. It ûnderwiis freget syn learlingen of studinten aloan mear om dy apparaten te brûken.

Troch de grimelige byldskerms, al binne se ek noch sa goed, wurde de eagen ekstra prikele. Boppedat moatte se der mei de noas boppe-op sitte om it goed sjen te kinnen. As dat dan alle dagen bart, dan is it net sa frjemd dat der eachproblemen ûntsteane. De frou dy’t my belle sei: “Als dit te vaak en te lang gebeurt, kunnen ze er zelfs blind door worden!” Oan de ein fan ús telefoanysk ûndersyk frege se om wat ekstra jild. Ik sei: “Goed!”

“Alle beetjes helpen”, sei se. No makke ik it mei mooglik dat de Erasmusuniversiteit te Rotterdam ûndersyk dwaan kin om de oarsaken te finen fan de tanimmende eachproblemen by jongelju. Ta beslút sei ik tsjin har dat in ekstra ûndersyk eins net mear nedich is. Want wy hiene de oarsaken al fûn. Elkenien dy’t dizze kollum ûnder eagen kriget, sil ek fan betinken wêze dat de oarsaak leit by it te folle brûken fan iPhones en iPads. As ús telefoanyske befiningen yn de tv-programma’s Pauw, DWDD of Nieuwsuur bekend makke wurde, dan wit Nederlân, ynklusyf âlden, learkrêften, politisy yn ien kear wat de gefolgen binne fan it te folle brûken fan dy helpmiddels. Hoe maklik kin it wêze.

oktober 7, 2017 20:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.