In bysûndere ûnderfining

oktober 23, 2017 21:37

Resinsje konsert Golden Earring / Straight on Stage, freed 20 oktober yn Assen

Troch Henk Veldstra

Wy stappe yn in griene Leyland-museumbus mei bolle foarruten. Krekt sa’nien as fan de NTM dêr’t ik yn de sechtiger jierren yn siet tusken De Jouwer en It Hearrenfean. De hiele bus is yn skoalreiskesfear. Wy geane nei in konsert fan Golden Earring, de band dy’t yn de sechtiger jierren ek al aktyf wie. De foarige kear dat ik by de Golden Earring wie – yn it iepenloftteäter fan park Herema State op ’e Jouwer – is mear as tritich jier lyn. Ik bin o sa benijd oft de âlde manlju noch yn it skaad stean kinne fan harren kinnen fan tritich jier tebek.

De eigentlike reden wêrom’t wy mei trije bussen fan it Iepenbierferfiermuseum Ousterhaule fan De Jouwer nei Assen geane is dat de Jouster band Straight on Stage yn it foarprogramma fan de Golden Earring spilet. Alle seis leden fan Straight on Stage wiene noch net iens berne doe’t ik de foarige kear fan it optreden fan de Golden Earring geniete. Mar dochs bringe de manlju fan de Jouster band covers fan nûmers út de sechtiger jierren en de jierren dêrnei. Eigentlik muzyk út de tiid fan de âlden fan de bandleden.

Straight on Stage ôfrûne freed yn Assen; © Foto Maarten van Meer

Nei in reinige reis komme wy mei in fleurich sin by de Bonte Wever yn Assen oan. De bus mei de bandleden en oanhing wie der al: ek in hiel moaie fan it busmuseum, in Smit Orion, dy’t op ’e Jouwer makke is. In bytsje nei achten is it dan safier: Big Titty Tjitte (sang); Curly Jay (keyboards); Sexy Skildert (gitaar); Hyper Hielke (gitaar); Juicy Jeff (bass); Bickxje Brinta (drums) komme it poadium op. Allegear kreas yn it pak. Strik foar en sinnebrillen mei moai kleurige montueren op. De 150 Jouster fans hiene yn de bussen ek moaie sos-sinnebrillen krige, dat sadwaande mear sinnebrillen yn ’e seal as op het poadium. De band giet daliks mei grut entûsjasme los mei nûmers fan Motorhead, Rolling Stones, Toto, Elvis Presley en om soad oaren. Muzikaal op sa’n heech nivo dat minsken dy’t de band foar it earst hearre alhiel ferstuivere útroppe dat it krekt liket as soene de orizjinele bands op it poadium stean. It optreden fan de Jouster band is fan it begjin oant de ein in grut sukses. Wat in enerzjy hawwe de jongkeardels de sfearfolle konsertseal fan de Bonte Wever yn blaasd. Dêr moat de haadact noch mar ris oerhinne beskykje te kommen.

Straight on Stage op it poadium yn Assen; © Foto Maarten van Meer

Om healwei tsienen is de legindaryske band út De Haach oan bar mei leden dy’t al lang mei pensjoen binne. It is net te leauwen hoe goed oft Barry Hay en George Kooymans noch sjonge en gitaarspylje kinne. Unfoarstelber dat dy malju takomme jier santich wurde. En dan Cesar Zuiderwijk, al like âld, noch hieltyd miskien wol de bêste drummer fan Nederlân. Alle klappen binne raak en de drumsolo yn it nûmer Radar love hat gjinien oait sa heard. In moai momint is it as Barry Hay yn ien kear op it poadium komt om mei in sos-sinnebril op ien fan al syn hits te sjongen. In moaie knypeach nei de Jouster band út it foarprogramma.

Fierstente gau wie it konsert ôfrûn neffens de busreizgers op de weromreis nei De Jouwer. “Takomme wike geane wy wer”, wurdt der roppen ûnder it sjongen fan it skoalreiskerepertoire. Op ’e Jouwer wurde wy ûnthelle troch de bandleden fan Straight on Stage, dy’t yn de wat modernere Smit-bus dochs wat hurder de thúsbasis berikke koene. Big Titty Tjitte sjongt foar yn ús bus noch efkes a capella in nûmer fan de Beatles.

oktober 23, 2017 21:37
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.