Hat Kataloanië him no wol of net ûnôfhinklik ferklearre?

oktober 11, 2017 14:14

Der bestiet op it stuit, woansdeitemiddei healwei twaen, frijwat ûndúdlikens oer oft Kataloanië him ûnôfhinklik ferklearre hat fan Spanje. De taspraak fan presidint Carles Puigdemont en it beslút fan it Katalaanske parlemint lykje mei-inoar yn tsjinspraak te wêzen.

Dat parlemint hat juster yndied in ûnôfhinklikheidsferklearring ûnderskreaun. Dêryn stiet dat “Kataloanië tenei wer folslein ûnôfhinklik” is. Yn de ferklearring freget de Katalaanske folksfertsjintwurdiging alle lannen fan ’e wrâld om Kataloanië as selsstannige steat te erkennen. It is lykwols mooglik om in parlemintsbeslút net fuortendaliks yngean te litten. Dat is wat juster bard is, op fersyk fan it Katalaanske regear. Presidint Puigdemont hat derfoar keazen om dêrmei te wachtsjen. In presize wachttiid hat er net neamd, wol hie er it oer “de kommende wiken”.

Earst útlis, dan ûnôfhinklikens
Ta teloarstelling fan in grutte kliber folk dy’t syn taspraak yn Barcelona op ûnbidige skermen folge, sei Puigdemont dat er it útroppen fan ’e ûnôfhinklikens “yneasten foar him út skood hie”. Hy sei dat it regear fan Kataloanië “syn ferantwurdlikens en ynskiklikens” sjen litte wol en “de hân útstekt om in dialooch oan te gean”. Neffens Puigdemont sil Kataloanië net tajaan oan Spanje, mar wol er dat Kataloanië de tiid nimt om de wrâld út te lizzen wêrom’t Kataloanië rjocht hat op selsbestjoer.

De foarskiednis
Puigdemont begûn yn syn taspraak fuortendaliks mei dy útlis. Dêrby ferwiisde er nei 2005. Doe naam it Katalaanske parlemint mei in oergrutte mearderheid fan 88 persint in wet oan dêr’t yn stie hoe’t Kataloanië himsels bestjoere soe as autonome regio yn Spanje. Puigdemont beklamme dat dat beslút folslein neffens de Spaanske grûnwet naam wie, mar dat Madrid de wet likegoed net akseptearre en Barcelona ûnder druk sette om de wet sa oan te passen dat Bacelona mínder en Madrid krekt méár oer Kataloanië te sizzen hawwe soe. It Katalaanske parlemint joech ta oan ‘e Spaanske druk, paste de wet oan en lei dy yn 2006 yn in referindum oan ‘e befolking foar. Dy stimde foar en de wet waard jildich. Yn 2010 feroare de heechste Spaanske rjochtbank de tekst fan ‘e wet op ‘e nij, sadat der noch mear macht fan Kataloanië nei Madrid ferhuze. De rjochters wiene neffens Puigdemont “troch de twa grutte Spaanske politike partijen útsocht”.

De autonomywet wie no twa kear oanpast en like neffens Puigdemont net mear op de wet dy’t troch it Katalaanske parlemint goedkard wie en ek net mear op de wet dêr’t de befolking yn in referindum ja tsjin sein hie. Puigdemont wiisde der fierder op dat 82 persint fan ‘e Katalanen der foarstanner fan wie dat de befolking fan Kataloanië him yn in referindum útsprekke koe oer in selsstannige takomst.

Demokrasy
Puigdemont joech net inkeld dy útlis, hy makke ek dúdlik dat er net dôf wêze woe foar de oproppen fan wichtige politisy en oaren fan oer de hiele wrâld, dy’t oprôpen ta deëskalaasje. Dêrom like it him wiis ta en lit it útroppen fan ‘e ûnôfhinklikens efkes gewurde. Hy sei dat er frede woe en dat er wol dat de minsken yn Spanje begripe dat “de relaasje [tusken Kataloanië en Spanje] al jierren net mear goed is en dat der neat ûndernommen is om dy te ferbetterjen”. Hy sei dat demokrasy soms wichtiger is as de grûnwet en dat it Katalaanske folk op 1 oktober dúdlik makke hat dat it selsstannich wêze wol.

oktober 11, 2017 14:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*