Harm van der Meer fertelt

oktober 12, 2017 14:56

Op freed 20 oktober ferskynt by Bornmeer Harm van der Meer fertelt.

It libben fan dirigint, muzykmaster en minskeman Harm van der Meer (Bantegea, 1940) spile him ôf tusken de skoallen, koaren en orkesten, tusken jonge en âlde minsken, yn doarp en stêd en yn it iepen fjild. De minsken en de muzyk joegen him genôch stof om in tal ûnferjitlike ferhalen en anekdoaten op te skriuwen, dy’t yn dizze bondel sammele binne.

Yn de wurden fan Hylke Speerstra: “Optredens mei Harm van der Meer as ynspirator op de bok hiene faak bysûndere mominten. Der kamen mominten dat de wurdearring it applaus foarby gie. Dan foel der yn in grutte katedraal allinne mar in stilte, kearde Harm him nei de tahearders, seach harren yn de wiete eagen en sei er: “Jim hawwe it begrepen.” Syn rispinge kin ryk neamd wurde. Gelokkich hat er dêr, yn beskiedenheid mar mei gefoel foar anekdotyk, in kostber dokumint oer skreaun. Dêryn blykt er ek noch in master-ferteller te wêzen.”

De sfearfolle swart-wytfoto’s fan Henny van den Berg meitsje it ferhaal kompleet: in portret fan in markante man mei in kleurryk libben.

De boekpresintaasje is yn de Oosterkerk, Oosternburgstrjitte 1/3, 9291 EM Kollum, mei meiwurking fan ferskate koaren. Elkenien is wolkom.

Programma:
Geert Dijkstra – Wolkom
Harm van der Meer – Gedicht
Koaren – Jou ús in dream
Harm van der Meer lêst foar út de bondel
Koaren – My Lord
Utrikking earste eksimplaar
Geert Dijkstra – Ofsluting
Koaren en publyk – It Heitelân

Praatsje, slokje en boekferkeap yn de hal

Harm van der Meer fertelt – mei swart-wytfoto’s fan Henny van den Berg
Priis € 17,50
ISBN: 978 90 5615 427 1
Utfiering: paperback, 144 siden, mei yllustraasjes

oktober 12, 2017 14:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*