‘Game of Thrones’-wei ôfsletten fanwege te grutte belangstelling

oktober 11, 2017 09:05

Bregagh Road (foto: Wikipedia/Colin Park, lisinsje CC BY-SA 2.0)

Noard-Ierlân sil in part fan Bregagh Road ôfslute. De dyk mei markante beammen dy’t in soart tunnel foarmje, waard in ynternasjonale toeristyske attraksje nei’t dy as ‘the Kingsroad’ te sjen wie yn de populêre dramasearje Game of Thrones. Der kamen hûnderten toeristen op ôf en troch it tanommen ferkear op ’e dyk rinne no de beamwoartels gefaar, sizze natuerbeskermers.

Neffens it Noard-Ierske fytsnetwurk NI Green Ways binne de Dark Hedges, sa’t de beammen neamd wurde, nasjonaal erfgoed en moatte se beskerme wurde. It ferbod giet op 30 oktober yn. Fan dy datum ôf mei der gjin ferkear mear oer de dyk. Allinnich lânboureau en auto’s fan helptsjinsten binne dêrfan frijsteld.

oktober 11, 2017 09:05
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*