Fryslân: Skjinnerlân 7

oktober 1, 2017 07:00
Dizze kear in petear fan Sonja van der Sar mei ús kollumnist Bouwe de Boer

 De Alvewegetocht – it giet oan

“It is noch nea dien, mar dochs fielst dat it berikt wurde kin. Mei de Alvewegetocht lit Fryslân sjen dat wy it wiermeitsje kinne.” Yn Fryslân reizgje yn de earste twa wiken fan july 2018 safolle mooglik minsken fossylfrij. It is in projekt fan Kulturele Haadstêd 2018. Doel is om gjin drip benzine te brûken. Utdaagjend. De Alvewegetocht giet oan, mar hoe krigest soks foarinoar?

Troch Sonja van der Sar

Bouwe de Boer, enerzjykoördinator yn Fryslân, winner fan de earste Wubbo Ockelspriis en nûmer 47 yn de Duorsume Top 100, hat de lieding fan it projekt. It idee komt lykwols fan in groep Fryske studinten.
“Wy hiene harren frege om in idee te betinken dat noch net bestie, dat as in bom ynslaan soe, dêr’t alle Friezen yn behelle wurde soene en dêr’t wy oer tweintich jier fan sizze kinne soene dat it in kearpunt wurden wie. Wy tochten: it is in bizar idee, dus lit ús it mar dwaan.”

Grien fan A nei B
De útdaging oangean tsjûget fan lef en bravoer, want it betsjut dat Friezen har twa wike lang fan A nei B ferpleatse moatte mei elektryske auto’s, griengasauto’s, taksys, dielauto’s, bussen dy’t op grien gas ride, segways, lisfytsen en fansels sinneboaten. Mar ek rinne, mei de syl- of roeiboat, kano of gewoan thúswurkje. Yn it begjin waard der noch negatyf reagearre, mar nei geraden mear Fryske bedriuwen har oan de Alvewegetocht ferbine, liket it doel yn it sicht te kommen en ferstomje de wanklanken.
“Wy binne oer it deade punt hinne. Ik tink dat wy it helje. Tesla Nederlân rydt mei. BMW ek. Royal HaskoningDHV set syn auto’s yn. Der is in groeiende stipe om alle Friezen te ferfieren. Hast hûndert bedriuwen hawwe al tekene om mei te dwaan. Mear as tûzen ynwenners fan Fryslân steane al op it webstee as dielnimmer. Kin der noch ien sizze dat it net kin?”

Freonen
Bouwe de Boer wie al inisjatyfnimmer fan de NK Eneco Sinneboatrace, dy’t dit jier foar de fiifde kear fan start gie en dêr’t fjirtich sinneboaten oan meidiene en sette ferskillende bedriuweklups op dy’t har dwaande hâlde mei grien gas en sinnepanielen. No is der in oerkoepeljende stichting mei hûndert ‘freonen’: de Freonen fan Fossylfrij Fryslân. Wat is syn geheim?
“Alle partijen dy’t meidogge oan de Alvewegetocht en Fossylfrij Fryslân hawwe in tal dingen mienskiplik: se hâlde fan netwurkjen, jild fertsjinjen en se hâlde fan Fryslân.”
De Boer sjocht dy ‘coalition of the willing’ fan bedriuwen dy’t der ta dogge as belangrykste motor foar sukses.
“Dêrnjonken moatst yn trije sinnen útlizze kinne watst dochst en moatst yndied wat dwáán, in konkreet berikber doel stelle en dat helje. Dit giet oer ynteraksje en oer hoe’tst mei-inoar wat oanpakke kinst.”

Dit is gjin polityk spultsje
De Boer is yn tsjinst fan de gemeente Ljouwert, mar detasjearre by de Stichting Freonen fan Fossylfrij Fryslân.
“It bestjoer, besteande út ûndernimmeers, ûnderwiisminsken en Friezen stiet oan it roer. De Freonen binne de baas. Dêrtroch krigest wat foarinoar. De oerheid wol altyd meisjen en 24 regels betinke, mar dêrtroch avesearret it net. Dit is gjin polityk spultsje. Ik fiel my thús by doch-minsken en ast in flugge transysje organisearje wolst, moatst by it bedriuwslibben wêze. Freon wurde sûnder sels wat te dwáán is dan ek net mooglik. ‘Wat dochst sels?’, is by it ynskriuwen ús earste fraach.”

Hoe duorsum is it resultaat fan de Alvewegetocht nei dy twa wike? Stapt de Fries dêrnei wer gewoan yn de benzine-auto, dan wie it in geweldige kompetysje, mar is it langetermyneffekt lyts.
“Us prioriteit leit by it bestindigjen fan it behelle resultaat. De measte fan ús sponsoaren hawwe belang by in bliuwende business.”
Oerheden wolle harren doelen berikke, bedriuwen wolle saken dwaan en skoallen wolle studinten ynsette. Doarpen wolle help by enerzjyprojekten. Wy helpe inoar en meitsje Fryslân ‘skjinner’ en riker!

oktober 1, 2017 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.