Fleksibiliteit by Knooppunt De Jouwer troch tûke meiwurkers

oktober 19, 2017 06:06

Nije ferkearsituaasjes roppe faak fragen op, benammen as it fierder giet as it oanpassen en ferbetterjen fan besteande foarsjenningen. No’t de oansluting fan de A6 (Muiderberg-De Lemmer-De Jouwer) op de A7 (Zaandam-Ofslútdyk-Snits-It Hearrenfean-Grins) by De Jouwer folslein feroare is, is dat ek sa. Wêrom en wêrtroch giet it sa’t it giet? It Nijs prate dêroer mei Thea Nicolai fan de projektorganisaasje Knooppunt Joure.

As in rotonde mei fjouwer útgongen ferfongen wurdt, soe men ferwachtsje dat der in klaverblêd foar yn ’t plak komt. Mar der is keazen foar in ferbining op ûngelikense hichte tusken de A6 en de A7. Der komt in aparte ôfslach nei De Jouwer. Wêrom wurdt dat sa dien?
In knooppunt is normaliter in punt dêr’t mear as ien sneldyk byinoar komme. Hjir wurde de twa sneldiken mei-inoar ferbûn troch de fly-overs. Op dy manier kin it trochgeand ferkear oer de sneldyk trochride. De nije oansluting nei De Jouwer ta ferbynt gjin sneldiken, mar is inkeld bestimmingsferkear foar De Jouwer en omjouwing. Dat is gjin sneldyk. Boppedat wie der gjin romte foar in klaverblêd.

It wurdt gjin krusing, mar wat yn Dútslân in Autobahndreieck hjitte soe. De A6 einiget, of begjint, yn de nije situaasje by Skarsterbrêge, of net? Want de A6 giet formeel dochs noch efkes troch? Dat, as men skielk oer de A7 fan It Hearrenfean nei Snits rydt, komt men oer in stikje A6? Wêrom?
Ja, wannear’t men fan It Hearrenfean komt, pakt men in stikje A6 mei. Der is in stikje A7 kommen te ferfallen. Dat hat te meitsjen mei de ‘hektometrearring’. Der is keazen foar in stikje minder A7, omdat oars de hektometerpealtsjes fan Grins oant Amsterdam en werom oer de Ofslútdyk ferfongen wurde moasten. In praktyske oplossing dus.

De Hollandiastrjitte fan De Jouwer nei Skarsterbrêge soe ôfsletten wurde, wie it doel. Der hongen al sekken oer de buorden by de bushalten mei de meidieling dat de bussen net mear ride soene. Mar no is it plan omgoaid en hoecht mei in stikje tydlike dyk en in yngenieuze omlieding de Hollandiastrjitte net ticht. Moai dien. Mar is soks no krekt betocht? Ha de plannemakkers dêr sa let op sind? Of komme de útfierders of oaren ûnder it wurk mei kreative oplossingen dêr’t noch wat mei dien wurde kin? Is der safolle fleksibiliteit en romte foar ymprovisaasje?
Wy hiene de oannimmer meijûn dat de Hollandiastrjitte ticht mocht. De oannimmer tocht dat ek nedich te hawwen om de oansluting fan de nije ûndertrochgong klear te meitsjen. Doe’t se dy sa goed as klear hiene, bliek dat dy op deselde hichte wie as de A7 (wat earst net sa wêze soe). Sa koene se de yngenieuze omlieding meitsje. Wy binne as plannemakkers dochs net sa stiif en strak. Wy folgje de útfierders en tinke mei. Dêrom is sa’n oplossing, dêr’t de omjouwing minder hinder en oerlêst fan hat, altyd besprekber en hoegde de ôfsluting dus net troch te gean. As der opsjes en mooglikheden binne, pakke we dy.

It oanlizzen fan in tydlik stik dyk by Knooppunt De Jouwer. Foto Henk Veldstra

It fiadukt tusken De Jouwer en Haskerhoarne giet derút. Wie dat wol nedich? Is dat gjin kapitaalferneatiging?
Nee, dat is gjin kapitaalferneatiging. Der wurdt in nije ôfslach nei De Jouwer boud en in ynfoechstripe nei It Hearrenfean. Dy past net ûnder it besteande fiadukt troch.

De brêge oer de Skarsterryn is net troch in akwadukt ferfongen. Wêrom krekt net? Want hy leit wol flak efter de ôfslach, sa is no foar elkenien dúdlik te sjen. Mar komme der dan skielk gjin files tusken Snits en It Hearrenfean trochdat de brêge op de dyk nei De Lemmer iepenstiet? En hoe wurde ûngemakken tefoaren kommen?
Der hat yndied sprake fan west dat der in akwadukt komme soe. It kabinet hat lykwols besunige, wat der de oarsaak fan is dat it akwadukt skrast is. Op de fraach oft der dan files tusken Snits en It Hearrenfean komme trochdat de brêge iepenstiet, nee, dy komme der grif net. Der soene wol files komme kinne tusken It Hearrenfean nei Snits, mar dan moat it al raar gean. Fan It Hearrenfean ôf nei De Lemmer ta wurdt de lokale filebefeiliging pleatst. Fan Snits en It Hearrenfean ôf is der brêgesinjalearring (reade lampen dy’t op ’e tiid oanjouwe dat de brêge iepenstiet). It ferfallen fan de snelweirotonde moat foaral foar minder ûngemakken soargje.

Tankewol foar dit petear.

 

oktober 19, 2017 06:06
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.