Fjouwer fraksjes stimme yn mei regearakkoart

oktober 10, 2017 09:38

De Twadde Keamer (foto: Wikipedia)

VVD, CDA, D66 en ChristenUnie hawwe alle fjouwer ynstimd mei it konsept-regearakkoart. De fraksjes hawwe noch wol wat lytse punten, mar dy sille neffens de partijlieders gjin roet mear yn it iten smite. De VVD die it langst oer de fraksjegearkomste, mar om 23.30 oere hinne sei partijlieder Rutte dat syn partij mei grutte oertsjûging akkoart giet. “Wy sjogge in soad werom fan ús ynset by de ferkiezings en fine it ek in lykwichtich akkoart foar de kommende jierren.”

Op de fraach wêrom’t de gearkomste sa lang duorre, antwurde Rutte dat de fraksje it hiele akkoart wiidweidich besprutsen hat en dat de VVD in debatpartij is. Neffens him sil hiel Nederlân troch it akkoart fernimme dat it lân út de krisis komt en sille alle groepen dat fiele.

De ûnderhannelers fan VVD, CDA, D66 en ChristenUnie sleaten moandeitemoarn in prinsipe-akkoart en dêrnei koene de fraksjes har deroer bûge. Dêrfoar is mear tiid naam as by de foarige formaasje, yn 2012. Tiisdeitemoarn sille de ûnderhannelers mei ynformateur Zalm oer wat lytse oanpassings prate en dêrnei wurdt it regearakkoart presintearre. Tongersdei is der in Keamerdebat mei Zalm. Dan wurdt VVD-lieder Rutte ta formateur beneamd.

oktober 10, 2017 09:38
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*