Film ‘De Verbouwing’ by Boekebios yn Harns

oktober 12, 2017 08:35

Foto: de Biblioteek Noard-Fryslân

Yn in spesjaal foar de gelegenheid optúgde Boekebios fertoant Biblioteek Harns op tongersdei 12 oktober de film De Verbouwing, basearre op de súksesroman mei deselde titel fan Saskia Noort. De film wurdt ynlaat troch in koarte lêzing fan dosinte Nederlânsk Ali Drost.

De ferfilming fan it boek giet oer de súksesfolle plastysk sjirurch Tessa (Tjitske Reidinga), dy’t op it punt stiet har priveeklinyk te iepenjen. Mar lokkich is se net. Har houlik driget op ’e klippen te rinnen. Tagelyk liket de ferbouwing fan harren hûs in ramp te wurden. As Tessa har dan ynlit mei in âlde freon (Peter Blok), liket der gjin útwei mear mooglik.

De Boekebios is ek gaadlik foar learlingen dy’t it boek lêze moatte foar de list. De Boekebios is iepene op 12 oktober fan 19.30 oant 22.00 oere. Men hoecht it boek net lêzen te hawwen om in gesellige jûn te hawwen. De kosten bedrage € 5,- foar leden en € 10,- foar net-leden, hapke en drankje ynbegrepen. Kaartsjes binne inkeld te krijen by de baly fan de biblioteek of op www.ontdekdebieb.nl.

oktober 12, 2017 08:35
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*