Feie Fonyk, ûnderwiisprotest

oktober 12, 2017 12:07

Ynkoarten is it hjerstfakânsje. Net foar myn buorman, want dy wurket yn de bou, of foar myn buorfrou, want dy wurket op in laboratoarium, ek al net foar de buorfrou dêr wer neist, want dy wurket yn de soarch. Nee, de hjerstfakânsje is foar skoalbern en harren drokke juffers.

Nearne safolle fakânsje as yn it ûnderwiis. Ik skat sa’n 12 wike yn it jier en dochs kleie oer de hege ‘wurkdruk’. It wurd wurkdruk bestiet noch net lang, mar pas op: hege wurkdruk kin liede ta in ‘burnout’. Dat wurd is yn it ramt fan de tiid ek nij, want it waard pas yn 1972 troch Amerikaanske psychiater Herbert Freudenberger foar it earst brûkt. It is in proses fan stadichoan yn in steat fan mentale en lichaamlike útputting fersile. It skynt it meast foar te kommen by wurknimmers yn de soarch en it ûnderwiis. Dat ûnderwiisprotest fan koart lyn wie dêrom mear as nedich en ik hoopje dat se it der net by sitte litte. It liket my dat it ûnderwizend folk benammen deawurch wurdt fan sinleas wurk. Dêr soene se mei ophâlde moatte.

Yn Medisch Contact fan 13 juny 2013 wie ‘Veldwerk, de bedrijfsarts’ wijd oan ‘burnout’ yn it basisûnderwiis. De titel fan de kollum wie ‘Van fiets tot vliegtuig’, en no sitearje ik de skriuwster letterlik om har de eare te jaan: “Functies die voorheen de rijvaardigheid van een fietser vereisten, vragen momenteel de capaciteiten van een piloot. De klas is een rammelend vliegtuig. Het heeft dertig verschillende richtingen, omdat ieder kind individueel wordt benaderd (handelingsplan). Het netto resultaat moet positief zijn (opbrengstgericht werken). Gedragsproblemen worden binnenskamers opgelost (weer samen naar school). De terreur op de grond heet ouders.”

Foar dyjingen dy’t alle nedige feardichheden hawwe, is it te behearskjen, alteast neffens skriuwer en dokter Eveline Knibbeler. Ik tink dat se gjin gelyk hat. Natuerlik fereasket it moderne wurk in protte kennis en ynset fan ’e learkrêft. Dochs, sels mei de grutste ynspanning en kennis, is der ferlet fan in oare ûnmisbere feardigens. Ik bedoel folslein ûnmisber. Dat is de feardigens om net alles earnstich te nimmen wat fan skoallen frege wurdt. As learaar moat men de moed hawwe om gewoan dingen net te dwaan, omdat it net kin.

It ûnderwizend folk kin wol stapelgek wurde fan alles wat se fêstlizze moatte.

Der binne tefolle ferplichtingen, aksjeplannen, learlinen, hannelingsplannen en oare folslein oerstallige ferplichtingen dy’t it ûnderwizend folk betiden stapelgek makket. Alles moat fêstlein en ferantwurde wurde en foar alles binne plannen nedich. Yn eltse klasse tilt it op fan de probleemgefallen mei de meast tsjustere kwalen as ADHD, PDD-NOS, dysleksy, ADD en tweintich oare letters út it alfabet. Fan juffer wurdt ferwachte dat se der wat oan docht, sadat al dy leave bern mei al harren problemen aanst minstens nei it HAVO kinne.

Beliedsmakkers hawwe net altyd troch hokker gefolgen har besluten hawwe yn ’e praktyk, of se witte it wol, mar moatte dy besluten nimme omdat de Twadde Keamer it wol. Dat jildt bygelyks foar it saneamd Passend Underwiis yn de basisskoalle.Neffens steatssekretaris Sander Dekker wie it in “uitdaging om er wat wat te maken”. Gelokkich hawwe wy de Algemiene Rekkenkeamer dy’t ta konklúzje kaam dat it net giet neffens ferwachting. De doelstelling fan Passend Underwiis kin ûnmooglik berikt wurde as tagelyk fan skoallen frege wirdt dat se oer it generaal hegere skoares helje bygelyks op de CITO-eintoets. Dat byt inoar.

Njonken de Rekkenkeamer hawwe wy gelokkich tal fan juffen en masters dy’t witte wat yn it ûnderwiis slagget en wat net. Men soe fan de politisy ferwachtsje meie dat se nei sokken harkje. Dat dogge se net. Noch frjemder is it dat dy amtners en politisy sels net nei har eigen parlemintêre ûndersyk harken. Yn 2008 kaam de Kommisje Dijsselbloem mei de einraportaazje fan de parlemintêre enkête oer wat der allegearre mis gie yn it ûnderwiis. Yn it koart kaam it derop del dat de polityk net op de stoel fan it ûnderwiis sitten gean moast en net hieltyd mear freegje. Nei krap tsien jier is dat noch net dúdlik yn De Haach. Jou de learkrêften de romte om harren wurk te dwaan: bern leare wat se noch net wisten of net koene. Dat soe it bêste slagje as besletten waard om de saneamde lump-sumfinansiering ôf te skaffen. Deroer in oare kear.

 

 

oktober 12, 2017 12:07
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*