Feie Fonyk: “Sûnens”

oktober 19, 2017 13:49

“Sûnens” roppe de Friezen en se hâlde fleurich it glês mei bier, bearenburch of wyn omheech. Koartlyn stie der yn ien fan de lanlike kranten in grutte bydrage oer it drinken fan alkohol yn Nederlân. Dat wurdt der net better op, want de minsken witte aardich fan ynnimmen mei as gefolch in grut tal kwalen dy’t te krijen hawwe mei de drank. No lies ik yn de Ljouwerter dat in fjirdepart fan de Fryske befolking swier of te folle drinkt. Der wurdt te folle sûpt troch te folle minsken. Wy kinne dat wurd “sûnens” better net mear brûke, want al dy sûperij hat mei sûnens neat te krijen.

Der wurdt net oeral like folle dronken. Op de Waadeilannen it meast. Dat wol my wol oan. Wy kamen jierren lyn faker as ienris it jier op It Amelân. Meastal foar in wykein of in pear dagen. Wy fielden ús der gelokkich. Altyd itselde programma. Rinne troch de bosk by de fjoertoer. In lid fan de famylje hie dêr in hûs. Dernei oeren it strân by del en wy einigen sûnder mis yn doarpskafee Herberg De Zwaan (“sinds 1772”) fan Hollum. Sels kaam ik der it leafst yn de winter of yn de hjerst mei swiere stoarm. Foar in pear dagen. Dat wol. Ik bedoel, ik soe op net ien fan de Waadeilannen wenje wolle en dea net lizze. Ik soe it as in ferbanning beskôgje, want der is net in soad te ferstriken. Dus wol it my wol oan dat de lju oan de drank geane.

Smellingerlân komt der better foarwei yn it ûndersyk. Der wurdt mar troch seis persint fan de befolking te folle dronken. Dat wie op de Waadeilannen njoggentjin persint. No moatte wy by soksoarte fan ûndersyk wach wêze op fertekening fan de sifers, omdat minsken net sizze wat se dogge. It soe dus bêst kinne dat dy eilanners stoer dwaan wolle, sa fan sjoch ús ris, seebonken dy’t net om God of gebod jouwe en dat de manlju fan Smellingerlân oan de ein fan de middei al oan de drank geane en de froulju op saterdei of sneinemoarns betiid by de kofje al oan de sjerry sitte. Mar dat doarre se net te sizzen.

Wat moatte wy mei sa’n ûndersyk. Eartiids giene de minsken nei tsjerke. Tsjintwurdich nei de sportskoalle. It is sa stadichoan in religy wurden om sûn te libjen. Jo moatte mear bewege, want sitte is it nije smoken. Smoke kin al lang net mear. It sechje “Het is geen man die niet roken kan” leit fier efter ús. De boeken oer sûn iten binne net oan te slepen. It is in hiele yndustry mei om it hoartsje nije produkten dy’t noch biologysker en sûner binne as earder. Neffens my is it foar in grut part oplichterij. Dus lit Rens Kroes en al dy oaren mei harren boekjetroep lizze. Brûk jo eigen ferstân en lit jo gjin nije produkten mei alderhande ûndúdliks oansmarre. Myn pake is 94 wurden en opgroeid mei spekfet, roggebrea en griente út eigen tún. Dat lêste dan wol wer en hy hie gjin sit yn de kont.

Nim risiko, goed foar de ekonomy.

Al mei al wie ik ynnommen mei dat ûndersyk, want it mei wier wêze dat in soad Friezen modderfet binne, smoke, te folle sûpe of har iensum fiele, te min griente ite, te min bewege, lêst fan de stjonkfabryk yn Burgum hawwe en dêrom de doarren plat rinne by húsdokter of spesjalist, mar it moaiste komt no: de measten fiele har tige goed en yn Tytsjerksteradiel is sels 93% tefreden oer it eigen libben en dêr giet it mar om.

Om earlik te wêzen, kom ik yn Hurdegaryp net in soad ûntefreden minsken tsjin. Wat wy foaral net ferjitte moatte is dit. De ekonomy driuwt op sykte, ûngelok en misdied. Ik bedoel, stel dat fan hjoed ôf eltsenien docht wat er dwaan moat, dat der gjin minske mear siik wurdt of him oan alle regels hâldt. Gjin minsken dy’t fan de elektryske fyts falle, fierstente folle frette, harren auto oan smots ride of oer in hûn stroffelje en in skonk brekke. Dat soe wier in ramp betsjutte. Dokters en plysjes hawwe gjin wurk mear, feedokters en garaazjes kinne wol ophâlde. De totale ekonomy soe ynstoarte. It regear moat dêrom in wyld libben propagearje. Dat is goed foar de wurkgelegenheid. Sander Dekker wurdt de nije minister fan Feiligens. Dat kin net better. Hy hat in pear jier lyn it goede foarbyld jûn troch mei syn fyts oer de kop te fleanen en in earm te brekken. Hjir past ien wurd “Sûnens, Sander!”

oktober 19, 2017 13:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*