Fan Obe nei Eppie: santich jier Gysbert Japicxpriis
Resint ferskynd
troch Hindrik van der Meer
Yn 1947 krige de no noch tige wurdearre dichter Obe Postma (1868-1963) de Gysbert Japicxpriis foar de dichtbondel It sil bestean. Santich jier letter, ôfrûne sneontemiddei 14 oktober, is troch deputearre Sietske Poepjes yn de Martinitsjerke fan Bolswert Eppie Dam dy heechste literêre priis fan Fryslân útrikt. “Syn namme nea yn uws gehûgnis stjert”, waard ea sein fan Gysbert Japicx (1603-1666). De namme fan Obe stiet takom jier op it gebou fan Lân fan Taal, mar de namme fan dichter Eppie Dam sil ek net gau yn it ferjitboek reitsje. Is der fan Gysbert mar ien dichtbondel, Obe Postma skreau acht en Eppie Dam achttjin.
Neist gedichten skreau Dam ek berneboeken, krantekollums, de tekst foar in kantate, dichte er gâns tsjerkelieten, en sette er lieten oer foar it Fryske tsjerklike Lieteboek (2015). De heechste Fryske literêre priis wurdt om en om útrikt foar literatuer en poëzy. Dit jier wie de poëzy tusken 2013 en 2016 oan bar en foel de kar op Fallend ljocht fan Eppie Dam.
Yn earste ynstânsje waarden der fiif nominaasjes bekend makke, en soe de priiswinner pas bekend wurde op 14 oktober. Troch “goed formulearre wjeraksel fan alle nominearren”, sa sei deputearre Poepjes letter yn har taspraak, is al earder bekend makke dat Eppie Dam de priis wûn hie.
Ut namme fan de sjuery, dy’t fierder bestie út Gerlien van Dalen en Pieter Boskma, fierde Bouke Oldenhof it wurd. De sjuery krige hast fyftich bondels ûnder eagen. “Moai wurk”, neamde Oldenhof dat mânske karwei. Al lêzend en oardieljend krige de sjuery in goed oersjoch oer it gehalte fan de Fryske poëzy. Hja wiene dêr yn it algemien goed oer te sprekken.
Tusken de te beoardieljen bondels sieten aardich wat twatalige. Der wiene ek bondels troch de dichter sels of troch in oare keunstner yllustrearre. By de twatalige koe de Nederlânske oersetting faak net meunsterje tsjin it Fryske orizjineel en by de yllustrearre bondels wiene de beide keunstfoarmen faak ek net yn lykwicht.
Bûten de fiif bondels dy’t nominearre waarden, wiene der neffens de sprekker ek wolris fragminten yn oare bondels dy’t jin lang bybliuwe. Hy neamde de nammen fan Sigrid Kingma en Geart Tichelaar. Oldenhof stie ek stil by de fjouwer dichters dy’t de priis by eintsjebeslút net krigen. Hy spruts by Wilco Berga oer in “mytysk azemjende wrâld en trochtochte komposysjes.” By Elske Kampen oer “it meinommen wurden yn de assosjaasjes en it sykjen nei burgenheid.” By Albertine Soepboer oer “in hiel eigen wrâld, sterk fan komposysje en oandacht foar foarm en lûding” en by Abe de Vries oer “mankelike djipsinnigens en observaasjes.” Gâns wurdearring dus foar dy fjouwer, mar unanym wie de jury fan betinken dat Eppie de winner wie mei de bondel Fallend Ljocht.
De bondel hat ferskate skiften. ‘Griis gebiet’ giet oer ôfbrek en ferlies fan krúsjale funksjes. ‘Fallend ljocht’ oer it ôfbroazeljen fan âlde godshuzen en tagelyk fan wurden dy’t oait betsjutting hiene. En dan noch oer bylden fan minsken dy’t spoaren neilieten: ‘De reis, it doek’ en ta beslút oersettingen fan de dichter Czeslaw Milosz, dy’t siket nei “een houding die noch te godvruchtig, noch te zeer werelds is.”
Der wie gâns wurdearring te hearren yn it juryrapport. Dam waard yn neifolging fan André Looiïnga de “master ûnder de Fryske dichters” neamd. “In dichter mei in breed palet, mei grut gefoel foar metrum en rym, mei in persoanlike ynstek dy’t tagelyk universeel is.”
Yn de prachtige laudatio oan Dam syn adres, útsprutsen troch Bert Looper, direkteur fan Tresoar, die bliken hoefolle in pear dichtrigels fan Dam foar immen betsjutte kinne. Hy waard tige rekke troch in pear sinnen út de eardere bondel Neigeraden it Noarden. “Neigeraden it noarden komt in fûgel werom fan syn flecht, bespegelt in man syn ferline, neigeraden it noarden fierder fan syn doel en tichter by syn bestimming”. Dy wurden hellen him oer de streek, om nei jierren bûten Fryslân wenne te hawwen, dochs it noarden wer op te sykjen.
Oan de ein fan de moaie middei, omliste troch muzyk fan strykkwartet Risata, krige Jent Zuiderbaan, learling fan de kristlike basisskoalle út Aldegea SWF de lytse Gysbert Japicxpriis útrikt. Hy wûn dy priis mei syn ‘elfke’ oer fakânsje. De Fryske basisskoallen wurde troch it Gysbert Japicxhûs oantrune de learlingen yn wedstriidferbân gedichten yn it Frysk meitsje te litten. Jent mei syn niget oan taal krige in prachtich útsniene guozzefear neffens it model fan de fear dêr’t Gysbert iuwen lyn foar it earst Fryske wurden mei op papier sette.
It tankwurd fan Eppie Dam, útsprutsen troch Lienke Boot, wie nochris in yllustraasje fan Dam syn niget oan taal, mar ek fan syn masterskip om “wurden dwaan te litten wat ik sis.” Binne dy wurden yn syn poëzy de serieuze kant it neist, yn syn tankwurd glimke de humor fan de relativearring fyntsjes troch syn eigen werklikheid hinne. Hy liet in oare passy, it sjen nei in fuotbalwedstriid lichtfuottich meiprate yn syn tankwurd. In pear wurden fan de dichter Cees Buddingh’ setten dêrta de toan.
“Ik heb nooit hard gelopen om dichters te ontmoeten maar mij wel vaak buiten adem gefietst om op tijd bij een voetbalwedstrijd te zijn”
Dam liet ús witte dat wylst syn tankwurd klonk, Balk tsjin Bûtenpost spile. “De twadde helte is krekt begûn. Ik bin bang dat ik dat net mear helje. Der binne in protte dingen dy’t ik net mear helje. Leeftyd. Alderdom. En in rare Hampelman yn it spul, dy’t yntusken sintraal op it middenfjild spilet.”
Nei de iuwiksel kaam Dam neffens him yn de twadde helte. “Ik hoopje dat Balk no gelyk makket, want Bûtenpost liicht der net om. Al kin der yn blessueretiid noch hiel wat gebeure, sa wit ik út ûnderfining. Ik tankje de Ivige, dat er safolle tiid bylutsen hat.”
Nei it feestlik barren yn de Martinitsjerke, dêr’t Gysbert Japicx ea foarsjonger wie, teach Eppie Dam nei it bertehûs fan Gysbert Japicx foar in moaie tradysje. Hy skreau dêr as fiifentritichste syn namme op in balke yn dat histoaryske hûs ûnder it tasjend each fan ûnder oaren deputearre Sietske Poepjes, wethâlder Mirjam Bakker fan Súdwest Fryslân en Willemijn Vroegindeweij, foarsitter fan de Gysbert Japicx Stichting.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje