Famillement 2018 yn Ljouwert

oktober 31, 2017 08:44

Foto: CBG

Fjirde edysje grutste famylje-histoarysk festival fan Nederlân

It CBG|Centrum voor familiegeschiedenis organisearret mei Tresoar en it Historisch Centrum Leeuwarden op snein 3 juny 2018 it Famillement – it grutste evenemint op it mêd fan famyljeskiednis yn Ljouwert. It Famillement is in fergees evenemint dat begjinners likegoed as trochsetters op it mêd fan (famylje)skiednis in soad te bieden hat.

Foar 2018 is Ljouwert as lokaasje keazen omt de stêd dan kulturele haadstêd fan Europa is. It CBG hat mei Tresoar en it Historisch Centrum Leeuwarden (HCL) de organisaasje yn hannen. Op it programma stean ynterviews, workshops, lêzingen, rûnliedingen en in ynformaasjemerk. Underwerpen dy’t oan de oarder komme, binne ûnder oaren ûntwikkelingen op it mêd fan DNA-ûndersyk en Fryske skiednis. Dit jier wurde ek aktiviteiten foar bern organisearre. It evenemint wurdt holden yn Stadsschouwburg De Harmonie, Tresoar en HCL. De kommende moannen wurdt it folsleine programma bekend makke op www.famillement.nl.

Skiednis
Om ‘e twa jier organisearret it CBG tegearre mei in regionale partner-organisaasje it Famillement. Nei Maastricht yn 2012, Leien 2014 en Utert 2016 wurdt mei Ljouwert 2018 fan it Famillement in twajierlikse tradysje makke. Dat it evenemint oanslacht docht wol bliken út de besikerssifers fan de eardere edysjes: 1.500 besikers yn 2012, 2.300 yn 2014 en mar leafst 2.750 yn 2016.

CBG|Centrum voor familiegeschiedenis
It CBG is it lanlike ekspertize- én ynformaasjesintrum foar ûndersyk nei famyljeskiednis. Neist advys en ûndersyk biedt it CBG ek stipe by genealogysk ûndersyk troch it beskikber stellen fan boarnen op it mêd fan genealogy, heraldyk en famyljenammen. It CBG beheart ek kolleksjes fan it Ryk, lykas it Nationaal Register van Overledenen.

Tresoar
Yn Fryslân is Tresoar it bewarplak fan de skiednis fan Fryslân. It is ít plak dêr’t talleaze yn Fryslân ferskynde boarnen te finen binne. Dêrnjonken brûst it yn Tresoar fan aktiviteiten foar jong en âld: konserten, lêzingen, útstallingen, edukative projekten, kolleezjes foar bern.

Historisch Centrum Leeuwarden
It HCL is it ynformaasje- en aktiviteitesintrum foar de skiednis fan Ljouwert en omjouwing. Saakkundige meiwurkers helpe de besikers by harren speurtocht yn de argiven, boutekeningen, befolkingsregisters, foto’s, kranten en in hiel soad oare boarnen.

It Famillement is in gearwurkingsprojekt dêr’t it CBG, Tresoar en HCL gearwurkje mei de Freonen fan de Argiven yn Fryslân (FAF), de Nederlandse Genealogische Vereniging (NGV), Ofdieling Fryslân en it Genealogysk Wurkferbân fan de Fryske Akademy.

Mear ynformaasje is te finen op www.famillement.nl.

oktober 31, 2017 08:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.