€ 55 miljoen foar wetterbehear

oktober 20, 2017 07:49

Wetterskip Fryslân sil takomme jier sawat € 55 miljoen stekke yn it wetterbehear en duorsume maatregels yn Fryslân en it Grinzer Westerkertier. It wetterskip wurket oan in robúst en klimaatbestindich wettersysteem dêr’t duorsumens en ynnovaasje by foarop geane. Troch neist ynvestearringen ek skerp nei de kosten te sjen, bliuwt de taryfstiging beheind. Dat stiet yn konsept-begrutting foar 2018 dy’t it deistich bestjoer presintearret.

Goed € 24 miljoen út de begrutting fan takomme jier is foar feilichheidsprojekten om oerstreamingen en wetteroerlêst foar te wêzen. It wetterskip hat yn 2018 it grutskalige dykferbetteringsprojekt op it Amelân dien. Dêrneist begjint de tarieding op it ferbeterjen fan de Waadseedyk tusken Koehoal en de Lauwersmar. Der wurdt ek jild stutsen yn it opheegjen en fersterkjen fan ferskate wâlen en kaaidiken. Yn 2018 stiet it ferbetterjen fan 25 kilometer oan regionale wetterkearingen op it programma, ûnder mear by Snits, Toppenhuzen, Terherne, Akkrum en Aldegea (Sm).

Wetterberging
Goed € 17 miljoen giet nei it ferbetterjen fan de wetteroan- en ôffier, bygelyks foar ferfanging en renovaasje fan gemalen en keardamen en de oanlis fan wetterberging. Dêr falt it op ’e nij bochtsje litten fan stikken fan de Lende, it Alddjip en de bopperin fan de Tsjonger ek ûnder. Tagelyk wurde der fiskpassaazjes en natuerfreonlike wâlen oanlein.

Wetterkwaliteit
Yn 2018 wurdt der € 7 miljoen stutsen yn maatregels dy’t bydrage oan de ferbettering fan de wetterkwaliteit en it tefoaren kommen en beheinen fan wetterfersmoarging. Om de ôffalwettersuvering op oarder te hâlden binne der hieltyd wer ynvestearringen nedich foar ferbettering en modernisearring fan de rioelwettersuveringsynstallaasjes. Takomme jier nimt it wetterskip in sintrale proseskeamer yn gebrûk, dy’t in part van dy ynstallaasjes op ôfstân oanstjoere kin.

Duorsumens
De wetterskippen fernimme as gjin oar de gefolgen fan klimaatferoaring. Wetterskip Fryslân wol dêrom mei Provinsje, gemeenten en ynwenners oan ’e slach om Fryslân en it Westerkertier enerzjyneutraal, klimaatbestindich en sirkulêr te meitsjen. Om de ambysjes op it mêd fan duorsumens en enerzjy yn te foljen, stelt it deistich bestjoer ûnder mear út om in grut tal sinnepanielen by rioelwettersuveringen oan te bringen. It bestjoer wol ek in enerzjyfabryk bouwe om rioelslib te fergêstjen en fersmoarging safolle mooglik by de boarne oan te pakken.

Tariven
De begrutting foar 2018 omfiemet goed € 137 miljoen. It grutste part giet nei regulier behear en ûnderhâld fan diken, wâlen en kaaidiken, wettersuveringen en soarch foar in goede kwaliteit oerflakwetter. Troch ek te besunigjen bliuwe de taryfstigingen beheind. Húshâldens mei in eigen wente moatte yn trochsneed ien persint mear betelje. Húshâldens mei in hierwente 0,5 prosint en agraryske bedriuwen 1,9 prosint. It algemien bestjoer fan Wetterskip Fryslân bepraat de konseptbegrutting 2018 op 31 oktober yn de kommisjegearkomste. 14 novimber beslút it algemien bestjoer definityf oer de begrutting

oktober 20, 2017 07:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.