Dit is it momint om te lobbyen foar in ferbod op taaldiskriminaasje

oktober 8, 2017 20:05

Henk Wolf

No’t de nije regearingskoälysje kêst 1 fan ’e grûnwet oanpasse wol, is it de tiid om te lobbyen foar in ferbod op taaldiskriminaasje.

Troch Henk Wolf

Kêst 1 fan de Nederlânske grûnwet ferbiedt diskriminaasje “op welke grond dan ook”. Dat is heel breed, mar diskriminaasje is it meitsjen fan “ongeoorloofd onderscheid” en wat “ongeoorloofd” is, dêr kinne jo fan miening oer ferskille. It is dêrom belangryk dat in pear saken yn kêst 1 al neamd wurde. Sa wit elk fuort dat it net tastien is om minsken ferskillend te behanneljen fanwegen ferskillen yn “godsdienst, levensovertuiging, politieke gezindheid, ras, geslacht”.

Beskerming fan gedrach

Benammen de earste trije binne opfallend, want dat binne gjin ynherinte eigenskippen, mar (mooglik tydlike) konstellaasjes fan ideeën en gedrach. Op basis fan dy definysje en útwurkingen dêrfan yn wetten en jurisprudinsje kin it bygelyks strafber wêze as in wurkjouwer in wurknimmer it dragen fan in unifoarm ferplichtet dat net past by de kleanfoarskriften fan dy syn religy.

Ekstra foarmen fan diskriminaasje yn de grûnwet neamd

De nije regearingskoälysje wol kêst 1 fan ’e grûnwet oanpasse troch noch twa oare foarmen fan ferbeane diskriminaasje by namme te neamen. It giet om diskriminaasje op basis fan seksuele oriïntaasje en fan handikap. Sa’n oanpassing fan ’e grûnwet kostet in soad tiid en de proseduere is yngewikkeld, dat as jo der noch wat by hawwe wolle, dan moat dat eins no, dan kin dat yn ien kear mei. Ik soe de provinsje en de Fryske beweging oanriede om no in lobby op te setten dy’t derfoar pleitet om “taaldiskriminaasje” as tredde nije foarm eksplisyt op te nimmen.

Taaldiskriminaasje

Friezen binne wend oan taaldiskriminaasje. Ik tink dat elk fan ús der wolris mei te krijen hân hat. Net allinne wurdt der frijmoedich lêbe oer it Frysk, mar it komt ek geregeld foar dat minsken twongen wurde om har te ferbrekken: yn it iepenbier ferfier, op ’e wurkflier. De belestingtsjinst dy’t in oanjefte yn it Frysk net behannelje woe, leit my ek noch farsk yn it ûnthâld. De doelen foar it Frysk en it Nederlânsk op skoalle wienen oan it begjin fan ’e ieu noch omtrint gelyk. Doe binne se op ’e nij formulearre en is de ambysje foar de behearsking fan it Frysk in stik sakke. It rjocht fan elk bern op goed ûnderwiis yn de memmetaal komt dêrmei yn ’e knipe. Allinne: meitsje mar ris hurd dat dat it gefal is. Dat it ûnderskied meitsjen tusken minsken op grûn fan de taal dy’t se brûke (wolle) “ongeoorloofd” wêze soe, is no in kwestje fan ynterpretaasje. Taaldiskriminaasje is noait hurd te meitsjen.

In kêst dat wat útmakket

De Wet gebrûk Fryske taal fan 2013 is wol bejubele, mar wat dêryn stiet, is benammen âlde wyn yn nije sekken. Op wat details nei stiet der neat yn dat earder net al yn oare wetten stie. No’t de regearingspartijen kêst 1 fan ‘’e grûnwet oanpasse wolle, bestiet de mooglikheid om echt wat te dwaan foar de Frysktaligen. As in ferbod op taaldiskriminaasje eksplistyt yn ’e grûnwet stiet, ha Frysktaligen foar it earst in hurd wetskêst om har op te beroppen as se it idee hawwe dat se troch har talige identiteit of taalkar achtersteld wurde.

Giet soks te fier?

Giet soks te fier? Net ast sjochst nei de foarskiednis fan it taalbelied. De provinsje hat yn 1985 mei it oannimmen fan de nota Fan geunst nei rjocht al bepaald dat it Frysk en it Nederlânsk lykweardich wêze moatte. It provinsjebestjoer makket him op it stuit hurd foar it Minority SafePack dat yn wêzen in ynstrumint is om Europa as skiedsrjochter oan te stellen wannear’t lidsteaten te min dogge foar har minderheidstalen. It Ryk hat de Friezen mei it Ramtferdrach nasjonale minderheden as nasjonale minderheid erkend, in minderheid dy’t him net troch godstsjinst of uterlik ûnderskiedt, mar yn it alderearste plak troch taal. Dat elemintêre stikje identiteit wurdt juridysk net goed beskerme. Wat kin symboalysker en praktysker wêze as no oan te stean om in wetlike beskerming fan ’e talige rjochten fan in erkende minderheid op it prominintste plak yn ’e Nederlânske wetjouwing?

oktober 8, 2017 20:05
Skriuw in reaksje

11 opmerkingen

  1. Abe de Vries oktober 8, 20:20

    Dat liket my no ris in hiel, hiel goed idee.

  2. Abe de Vries oktober 9, 11:14

    Wêrby’t oantekene wurde moat, dat it dan wol handich is om earst de taaldiskriminaasje troch de eigen provinsjale oerheid út ‘e wei te hawwen. Want hoe sil men yn De Haach lobbye tsjin taaldiskriminaasje as men sels op arbitrêre grûnen de iene learling wol en de oare gjin goed Frysk ûnderwiis tastiet?

  3. Jehannes Elzinga oktober 9, 16:03

    It liket my in punt om in kear binnen de Ried fan de Fryske Beweging te besprekken.

  4. Gerrit de Vries oktober 9, 21:50

    In baas plan. mar eins stiet it der al yn; “of op welke grond dan ook”. Miskien wol in aardich plan om even nei te tinken hoe ‘t it der dan yn komme moat te stean op sa’n manear, dat ek de Swahili- Turks- en Marrokaans sprekkers ûnder ús harrensels der yn fine kinne. (Sjogge jo it probleem ?). Op it stuit stiet der yn de grûnwet net ien hint oer wat de rykstaal is. it koe wolris muolik wurde om foar it Frysk in status aparte der yn te krijen, wêr ‘t dy der foar it Nederlânsk al net iens yn stiet. Ik twifelje der fierder oan, wat jo der mei opsjitte soenen – neffens artikel 120 mei oare wetjouwing net oan de grûnwet hifke wurde.

  5. Frank de Boer oktober 11, 07:46

    Bêste Gerrit, dat jildt allinne foar de wetjouwing dy’t troch de Steaten-Generaal, troch it parlemint besletten is (wet yn formele sin). Mar in soad fan de problemen sille krekt yn de legere wetjouwing optrede, by ministeriële regelingen, rigels fan provinsje en gemeenten. Dus it hat echt wol effekt as it opnaam wurdt. Boppedat makket it foaral ek it belang fan it tsjingean fan taaldiskrimininaasje dúdlik, folle mear dan “op welke grond” – yn de praktyk is it lêstich im taaldiskriminaasje hurd te meitsjen, want der is hast altyd wol in reden om it net in gelyk gefal te finen.

  6. Gerrit de Vries oktober 11, 09:02

    Bêste Frank, miskien smyt it yndied wól wat op. mar ik tink net dat wizigjen fan artikel 1 it effekt hat dat jo winskje – as jo dêr wat wizigje, dan stelle jo óf alle mooglike talen gelyk, óf jo moatte yn it anti-diskriminaasje artikel 1 in diskriminatoire rigel oer Frysk en Nederlânsk opnimme. de hiele diskusje is net nij; sjoch: https://www.denederlandsegrondwet.nl/9353000/1/j9vvihlf299q0sr/viivckl8ibxx

  7. Gerrit de Vries oktober 11, 09:13

    Bêste Frank, miskien hawwe jo gelyk en smyt it yndied wol wat op. mar dan nét fia oanpassing fan anti-diskriminaasje artikel 1. Eins is dat net oan te passen sûnder alle mooglike talen gelykense rjochten te jaan. Boppedat is artikel 1 net bedoeld om de status fan de keninkryk-eigen talen te regeljen, mar om te garandearjen, dat elk foar in rjochtbank gelyke rjochten hat, ûnôfhanklik fan yntrinsike eigenskippen. De hiele diskusje is net nij, it lêste foarstel om oer de Nederlânske en Fryske taal wat op te nimmen is dien yn 2010 – doe wie it foarstel, om in ekstra taal artikel op te nimmen yn de grûnwet. faaks in better plan as wizigjen fan artikel 1.

  8. Jan A. Schulp oktober 11, 18:26

    Tink efkes fierder. As diskriminaasje op taal ferbean wordt, dan hawwe wy daliks de verplichting om Turks, Amazight, Arabysk, Twi, Xhosa en wat al net te ferstean. Liet my ûnpraktysk ta. As it ferbod beheind wordt ta Standert-Nedrelânsk, Frysk en evt. Nedersaksysk & Limboarchs, dan laket it my wol ta. Mar soe it ek net moai wêze en doch wat tsjin de feringelsking fan ús lân?

  9. Abe de Vries oktober 14, 10:42

    Ik mis yn it nijsoersjoch it berjocht yn de LC, 14 oktober, s. 22: Provincie wil Friese lesuren niet uitbreiden

    LEEUWARDEN – De provincie zal zich niet sterk maken voor het verplicht stellen van het schoolvak Fries in de onderbouw van het voorgezet onderwijs.
    Dat vraagt om een wetswijziging, iets waarvan Gedeputeerde Staten de meerwaarde niet inzien. Dat schrijft de provincie aan Dingtiid, het landelijk Orgaan foar de Fryske taal.
    Dingtiid kwam begin dit jaar met een serie aanbevelingen over het Fries in het onderwijs. Naast een uitbreiding van het vak op de middelbare school wil het adviesorgaan dat scholen verplicht worden om leerkrachten te benoemen die bevoegd zijn om Fries te geven, en dat vo-scholen het Fries als keuze-examenvak aanbieden. Maar ook op die punten krijgt Dingtiid geen bijval.
    Wel ondersteunt de provincie het advies dat Friese leraren ook echt bevoegd zijn voor het vak. Dit mag echter niet ten koste gaan van onbevoegden die goed onderwijs geven in het Fries.

    Konklúzje: FRYSK UNDERWIISBELIED: KRISTLIK, POPULISTYSK EN YLLEGAAL

    http://www.rijksoverheid.nl: ,,In de provincie Friesland is Fries een verplicht vak in de onderbouw van het voortgezet onderwijs. Scholen kunnen ontheffing van deze verplichting aanvragen bij de provincie. Bijvoorbeeld omdat er niet voldoende bevoegde leerkrachten zijn. Of omdat in de omgeving bijna niemand Fries spreekt.”

    De earste alinea fan it kranteberjocht is dus misliedend. It skoalfak Frysk ís al (lang) ferplicht yn de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. Deputearre Poepjes (CDA) bedoelt te sizzen: der binne net genôch dosinten, dat ik kin net oan de ferplichting foldwaan, ik moat elkenien ûntheffe. Mar se hie fansels sizze moatten: tankewol, Dingtiid, foar it wizen op myn falen, ik sil in plan opstelle en smyt der x-miljoen tsjin oan, sadat ik teminsten sjen lit dat ik de wetten fan de boppe ús stelden respektearje. Mar dan hie se der by sizze moatten dat har eigen CDA de learlingen leaver ferskesjonge lit as in taal leare. Oei.

    En wa kin gehak meitsje fan it berjocht sels? Skriuwt Poepjes sokke beroerde parseberjochten, of bakt de krante der neat fan? Giet it no oer 1) útwreiding fan it tal lesoeren; 2) ferplicht stellen fan it Frysk foar de ûnderbou; 3)in ferplichting om dosinten mei foech te beneamen, of 4) it oanbieden fan it fak Frysk as eksamefak yn it f.o.?

    Meikoarten sil Poepjes (CDA) bekendmeitsje dat ek alle klassen yn it fuortset ûnderwiis de dei begjinne moatte mei it sa lûd mooglik sjongen fan it Fryslân über alles. Want dêr leare de bern ommers teminsten wól wat fan. Neffens de ûnderwiisspesjalisten fan it CDA dan. Wat soenen de ûnderwiisspesjalisten fan de FNP dêr fan tinke? As se tinke mochten?

  10. Abe de Vries oktober 17, 13:33

    Ik mis ek yn it nijsoersjoch it korrekte berjocht yn it Friesch Dagblad, 16 oktober, s. 3: ‘Stel eisen aan docent Fries’. De earste rigel dêrfan is: ‘De provincie Fryslân wil dat specifieke eisen kunnen worden gesteld aan docenten voor het lesgeven in en over de Friese taal.’

    Lit dat no efkes besinke. Yn jin delgean. Lesgeven in en over de Friese taal, dat is sûnt 1980 wetlik ferplichte yn Fryslân. Mar elkenien wit dat Fryskpraters mar in lytse, bekfjochtsjende yncrowd binne. Dat dy dosinten en dat foech, dêr komt it net sa op oan. Is Poepjes, dy’t dat byld graach ferspriedt op bygelyks Gysbert-útrikkingen, fansels ek fan betinken. Mar ja, dat ferrekte Dingtiid en dat ferrekte SisTsiis.

    Dus: ,,Het provinciebestuur wil hierover in overleg gaan met het rijk en met de Onderwijsinspectie.” Itselde oerlis dus dat al 37 jier duorret.

    Ek hat Poepjes nochal wat krityk op Dingtiid yn datselde berjocht yn it FD. ,,De provincie plaatst overigens vraagtekens bij de inhoudelijke kwaliteit van het adviesrapport van Dingtiid.”

    Wêrom bliuwt it stil op ItNijs.frl?

  11. Bakker oktober 18, 09:28

    Soe it faaks mear doel hawwe, as dy masters en juffen mar gewurde te litten. Ynstee dêrfan koene der aparte dosinten Frysk YNGREVEN oplaat wurde by de AFÛK en Akademy, dy’t op ‘e Fryske skoallen oansteld wurde. Dát soe nochris kreëearjen fan banen wêze.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*